NIJS   19-12-2017


FNP: fragen oer nije fertraging breedbân ynternet

Nei oanlieding fan berjochten op de sites fan Telecompaper en VerbindDrenthe wol de FNP witte oft it kloppet dat de oanlis fan fluch ynternet yn Fryslân opnij fertraging oprint

Neffens it nijs soe KabelNoord it net op tiid klear krije om oanfoljende finansiering te finen foar €60 miljoen by de banken. De rjochtsjildige oerienkomst soe dan net binnen de kontraktuele termyn fan 13 wiken tekene wurde kinne. En dat soe wer betsjutte dat minsken yn Fryslân letter rap ynternet krije.

  

De FNP-fraksje wol fan it Kolleezje witte oft Kabelnoord dizze ynformaasje mei de provinsje Fryslân dield hat en wannear (it berjocht op de sites is fan 6 desimber). Yn de eagen fan de FNP moat der alles oan dien wurde om útstel fan de wurksumheden foar te kommen. It Kolleezje fan DS moat sa gau mooglik yn aksje komme as de berjochtjouwing kloppet. Dêrom freget de FNP wat DS sels dwaan sil om in fluggere beslútfoarming te befoarderjen.

 

Fansels wol de FNP-fraksje witte oft it sowieso wier is dat it dreech wurde kin om eksterne finansiering fan de banken oan te lûken. Dat om't dat net as in risiko beneamd is doe't de Steaten fan Fryslân op 25 jannewaris besluten hawwe ta dizze tenderproseduere. Ta beslút wol FNP-wurdfierder Sybren Posthumus witte ‘wannear't de skeppe no echt de grûn yn giet en it echte wurk begjinne sil. De minsken yn Fryslân hawwe al lang genôch wachte'.   

 

https://www.telecompaper.com/nieuws/kabelnoord-heeft-60-miljoen-euro-nodig-voor-verglazing-fries-buitengebied--1223424

 

https://verbinddrenthe.nl/nieuws/kabelnoord-heeft-60-miljoen-euro-nodig-voor-verglazing-fries-buitengebied



Downloads:
FNP skriftlike fragen nije fertraging fluch ynternet
Antwurd op FNP fragen fertraging fluch ynternet


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer