NIJS   06-06-2013


Foarsitterswiksel en fisystik op ledegearkomste FNP

Ferslach ALG 31 maaie 2013

Leden stelle FNP-fisy op takomst Fryslân fêst

It like 31 maaie 2013 net in ‘gewoane' ledegearkomste yn Wurdum. Mar leafst njoggentich leden en twa net-leden wiene ôfkommen op de maitiidsgearkomste by Duhoux. Yn novimber hiene we as ôfsluting fan it jubileumjier 2012 al in spesjale AL hân yn it Abe Lenstrastadion. De kriich dy't der doe wie, de kriich dy't by de nijjiersgearkomste op 'e Lemmer wie, dy kriich wie ek dizze jûn wer dúdlik oanwêzich. Der stiene dan ek twa wichtige saken op de wurklist: de foarsitterswiksel en it FNP-fisydokumint oer de takomst fan Fryslân.

 

alde en nije HBers 31 05 2013

 

De geande en de kommende frou en man yn it HB.

F.l.n.r.: Jehannes Elzinga, Jannes van der Velde, Nynke Beetstra,

Jaap Cuperus, Gea Iedema, Ultsje Hosper.

 

Foarsitterswiksel

Nei seis jier yn it Haadbestjoer sitten te hawwen, wêrfan fiif-en-in-heal jier as foarsitter, naam Nynke Beetstra ôfskied. De leden gunden har in prachtich ôfskied. Fiif-en-in-heal jier yn it spier foar de FNP, mei in ynset fan mear as hûndert prosint. De skeakel tusken HB en fraksje, tusken HB en Partijhûs, tusken HB en bûtenwrâld, tusken HB en media. In FNP'er mei in Frysk hert, mei leafde foar Fryslân: it lân, de minsken, de taal, de kultuer, it eigene. It applaus dat hja fan de leden krige, spriek foar himsels.

Net allinne Nynke ferliet it HB, ek de PR-leden Jannes van der Velde en Gea Iedema namen ôfskied. As PR-lid bliuwe hja aktyf, lykas Nynke yn de redaksje fan de Frijbûtser. Wat in rykdom dat der dan wer trije nije minsken klear steane om it stokje oer te nimmen. Yn it HB koene ferwolkomme wurde: Jaap Cuperus en Jehannes Elzinga. As nije foarsitter waard Ultsje Hosper keazen.

 

 

 

 ltsje en HB 31 05 2013

 

Ultsje Hosper hâldt syn earste taspraak as farsk keazen foarsitter fan de FNP

 

Fisydokumint ‘Takomst Fryslân'

Fol faasje giet de FNP troch. En dat die bliken út de wurden fan Hindrik ten Hoeve. As foarsitter fan de kommisje ‘Takomst Fryslân' die hy út 'e doeken hokker kant as it neffens de FNP út moat mei Fryslân. De FNP moat dêr it foartou yn nimme. Utgeande fan de prinsipes demokrasy en federalisme is de kommisje ta in fisy kommen. Yn dy fisy is mei klam steld dat Fryslân in oare posysje ha moat as oare provinsjes. Ynbêde yn de Nederlânske rjochtssteat moat Fryslân eigen wetjaand foech krije. Net De Haach moat it lêste wurd ha, mar de Friezen sels. Fryslân moat net allinne op kultureel mêd autonoom wêze, ek op oare flakken lykas mynbou, rjocht en ûnderwiis moatte de besluten sels nommen wurde kinne as dat nedich is.  Fan it jild dat opbrocht wurdt yn Fryslân, moat in grut part hjir bestege wurde en net ôffloeie nei de rykskas. Fansels is der in protte te sizzen oer sa'n fisy, mar de oanwêzigen wiene it der wol oer iens dat it paad dat ynslein is, it goede wie. Leden kinne noch foar 1 septimber har reaksjes jaan op de fisy. De basis dy't lein is troch de kommisje ‘Takomst Fryslân' sil fierder útwurke wurde en kin ek tsjinst dwaan by de ferkiezings dy't kommendewei binne. De fisy sil yn alle gefallen ferwurke wurde moatte yn it program foar de Steateferkiezings fan 2015.

It wie in lange sit, alve oere koe de nije foarsitter de gearkomste slute. Mar ek dêrnei wie der noch in protte stof om oer te praten. De FNP: in partij mei in eigen lûd, it Fryske lûd!

 

Aeltsje de Groot-Zantema

 



Downloads:
Jierferslach FNP 2102
Ofskiedstaspraak nynke beetstra alg 31 maaie 2013
Taspraak ultsje hosper alg 31 maaie 2013


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer