NIJS   28-10-2013


Twadde rûnlieding Provinsjehûs foar FNP-leden

'It wie wer in treflike jûn'

Op 14 oktober hat de Steatefraksje foar de twadde kear in rûnlieding organisearre op it Provinsjehûs spesjaal foar FNP-leden. Mei  goed 20 dielnimmers wie der wer in knappe opkomst. Der wienen ek in stik as wat nije en jongere leden by.

 

 Runlieding PH FNP leden 14 okt 2013 001

 Untfangst mei kofje en oranjekoeke yn de Publykshal

 

Wy makken ûnder lieding fan in âld-meiwurkster fan de Griffy in slach troch de âlde en nije gebouwen, de Steateseal, de keamer fan FNP deputearre Johannes Kramer en de fraksjekeamer fan de FNP.

 

 Runlieding PH FNP leden 14 okt 2013 015

 De grutte gearkomstetafel yn de DS-seal

 

Runlieding PH FNP leden 14 okt 2013 016

Hein Boersma fertelt in 'Witz' op de fraksjekeamer fan de FNP

 

Nei de tiid wie der gelegenheid om fragen te stellen en yn petear te gean mei de Steatefraksje. Dêr waard grif gebrûk fan makke; de diskusje gong ûnder oaren oer de Kulturele Haadstêd 2018, de posysje fan Ljouwert as haadstêd fan Fryslân, oer Thialf en oer de proseduere foar de (wer)beneaming fan de Kommissaris fan de Kening.

 

Nei ôfrin wiene der wakker kompliminten. Sa't ien fan de dielnimmers sei: "It wie in treflike jûn‘.

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer