NIJS   14-11-2013


FNP bliid mei súkses gemeenteriedsferkiezings

Grutste partij yn Fryske Marren, winst yn Ljouwert en It Hearrenfean

Ultsje Hosper portret   

De FNP is tige ynnommen mei it súkses juster fan de ferkiezings yn de trije weryndielingsgemeenten. Yn de Fryske Marren is de FNP de grutste partij bleaun mei 9 sitten. Yn It Hearrenfean is de FNP groeit fan 2 nei 3 sitten en yn Ljouwert fan 1 nei 2. Yn de 3 gemeenten dy't no de Fryske marren foarmje wie de FNP (en Gemeentebelangen) al kolleezjepartij. Yn It Hearrenfean en Ljouwert is de FNP no ek in stevige faktor wurden yn de gemeenterieden. 

 

Ultsje Hosper, partijfoarsitter

Reaksje? Mail ultsje.hosperfnp.frl 

 

Yn Ljouwert hat de FNP in ferdûbeling fan it tal sitten realisearre mei 6,2% fan de kiezers. Yn Hearrenfean sit de FNP foar it earst yn de skiednis oer de 10% en yn De Fryske Marren hast tsjin de 30% oan oer de hiele gemeente. Yn in soad doarpen en wiken is de FNP de grutste partij wurden of bleaun. Nettsjinsteande de besite fan tal fan Haachske kopstikken oan Fryslân is it de FNP slagge om op eigen krêft op ‘e nij in stap foarút te setten.

 

De kiezers hawwe mei de stipe oan de FNP dúdlik oanjûn dat se it bestjoer ticht by de ynwenners hawwe wolle en kieze foar it mienskipstinken dêr't de FNP al mear as 50 jier foar skrept.

 

De FNP is ree om de kommende fjouwer jier ferantwurdlikens te nimmen en yn de gemeenterieden en-bestjoeren mei te draaien.

 

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer