![]() |
Minister fan Ynlânske Saken Plasterk is yn aksje kommen foar de rjochten fan it Frysk. Dat barde nei oanlieding fan in beswierskrift tsjin in boete dy't it belestingkantoar yn Ljouwert de FNP oplein hie.
Dy hiele skiednis stiet no te lêzen yn de Frijbûtser fan febrewaris. Fansels ek noch in hiel soad oar partijnijs yn dizze ôflevering.
Ut namme fan de redaksje in soad lêswille tawinske!
Ultsje Hosper, partijfoarsitter Reaksje? Mail ultsje.hosperfnp.frl |
De Belestingtsjinst wegere it yn it Frysk stelde beswierskrift yn behanneling te nimmen omdat it yn ‘een vreemde taal' steld wie. Boppedat moast de partij foar 2 jannewaris mei in oersetting yn it Nederlânsk komme. Wy hawwe de Belestingtsjinst witte litten dat de FNP út noch yn gjin oersetting leverje soe. Yn in brief hawwe wy oan ferantwurdlik minister Plasterk frege om de rykstsjinsten yn Fryslân better te ynstruearjen.
De Ljouwerter Krante hat dat skeel breed útmetten en benammen doe't De Telegraaf it opnaam wie it ek bûten Fryslân grut nijs. De Belestingtsjinst krige al gau yn 'e rekken dat op basis fan de ‘Wet gebruik Friese taal' - dy't op 1 jannewaris 2014 fan krêft wurden is - in grutte flater makke wie. De tsjinst hat him ferûntskuldige en ús de opleine boete fan 50 euro skonken. Dy wie trouwens wol terjochte.
Minister Plasterk neamde it yn syn wiidweidich antwurd ‘betreurenswaardig' dat ús yn it Frysk stelde brief troch de Belestingtsjinst yn Ljouwert net yn behanneling nommen is. Nei syn oertsjûging is in ‘ruimhartig gebruik' fan de yn de Fryske taalwet opnommen regels ta beskerming en stimulearring fan it gebrûk fan it Frysk, op syn plak. Hy sil de rykstsjinsten yn Fryslân freegje om foar 1 july 2014 regels op te stellen oer it gebrûk fan it Frysk.
Opfallend is lykwols dat no pas, mei de Fryske taalwet, troch de minister aksje ûndernommen wurdt. Want rykstsjinsten yn Fryslân moasten har op basis fan it Europeesk Hânfêst Minderheidstalen, de Bestjoersôfspraak Frysk en benammen de Algemiene Wet Bestjoersrjocht al jierrenlang hâlde oan Kêst 2:7, lid 1 fan dy wet: ‘Een ieder kan de Friese taal gebruiken in het verkeer met bestuursorganen voor zover deze in de provincie Fryslân zijn gevestigd'. Blykber hawwe eardere ferantwurdlik ministers har rykstsjinsten yn Fryslân nea goed ynformearre. Wat dat oanbelanget is de Fryske taalwet, dy't allinnich oer it gebrûk fan it Frysk giet, in grutte foarútgong.
Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe oer de kwestje nei de FNP ta reagearre dat de brief fan de belestingtsjinst ‘logyskerwiis by ús yn it ferkearde kielsgat sketten is'. It kolleezje is it folslein mei ús iens dat it antwurd fan de Belestingtsjinst net yn oerienstimming wie mei de besteande wetlike ôfspraken oangeande it gebrûk fan it Frysk. Boppedat sil it kolleezje, nei oanlieding fan de reaksje fan de FNP, mei it ministearje fan Ynlânske Saken beprate hoe't de ymplikaasjes fan de Wet gebrûk Fryske taal better kommunisearre wurde kinne mei de bestjoersorganen dy't ûnder de bepalings fan de taalwet falle.
Ultsje Hosper, foarsitter