Fertraging projekten
Oanlieding foar de moasje is it rapport fan de Noardlike en Hollânske Rekkenkeamers oer it Waadfûns . De ûndersikers warskôgje dat grutte bedraggen, op it stuit wol € 60 miljoen, op de planke lizzen bliuwe omdat projekten fertraging oprinne. De fertraging ûntstiet om't dy projekten faak in grut tal jierren ûnderweis binne en ek hiel yngewikkeld wêze kinne. Mei it jild wolle de oerheden de ekonomy en de natuer yn de Waadregio befoarderje.
Aksje nei it Ryk
It Waadfûns rint yn 2026 ôf. It moat neffens Veenstra fan de FNP net sa wêze dat it jild dat net op'e tiid bestege is, werom moat nei it Ryk. Dat driget neffens de Rekkenkeamers al. Veenstra freget dêrom aksje fan it Kolleezje fan DS om projekten flugger dien te meitsjen. De provinsje moat yn dy oanpak gearwurkje mei de oare provinsjes dy't meiielkoar yn it Waadfûns sitte. De oerheden soene tagelyk by it Ryk bepleitsje moatte dat it jild ek nei 2026 foar de regio beskikber bliuwt.