Foarútsjen nei de Earste Keamerferkiezings, weromsjen nei de ferkiezings fan Provinsjale Steaten en Wetterskip. Dat docht de nije Frijbûtser dy't no online stiet. Der binne wiidweidige tabellen mei de útslaggen en berekkeningen foar de OSF yn de Earste Keamer. Fierder meidielings fan it HB oer de ANBI-status fan de FNP. Jeften en skinkings kinne fan de belesting ôflutsen wurde.
Alle polityk aktive FNP-ers kinne nije nammekaartsjes bestelle fia it Partijhûs. Yn dizze ôflevering ek foto's mei flitsen fan de ferkiezingskampanje en portretten fan de nij keazen FNP-leden yn de Steaten en it AB fan it Wetterskip.
Klik hjir fierder nei de Frijbûtser fan maart 2015