NIJS   28-09-2015


Omrop Fryslân: stjoer allegear in brief nei Dekker

Oprop fan it Haadbestjoer mei foarbyldbrief

 Ultsje Hosper portret  

It is noch net klear mei de Omrop. De Steaten hawwe in moasje oannommen ta stipe fan de Omrop. De politike lobby is geande. Mar om ús Omrop en ús taal te rêden moat der mear barre.

Stjoer steatssekretaris Sander Dekker in brief en uterje jo noed en soarch. Pas as wy ús as Friezen man/frou machtich hearre litte, kin der wat feroarje !

 

It Haadbestjoer fan de FNP docht alfêst in foarbyldbrief by dizze oprop. Meitsje der gebrûk fan en doch mei !

 

Ultsje Hosper, partijfoarsitter FNP

Reaksje? Mail: ultsje.hosperfnp.frl

 

 

Update 2 oktober:

In aksje fan de FNP Súdwest-Fryslân op Bolletongersdei yn Boalsert hat rom 400 hantekeningen opsmiten. 

 

Update 5 oktober: 

Nei Provinsjale Steaten hawwe op oanstean fan de FNP no ek de rieden fan Achtkarspelen en De Fryske Marren har mei in moasje útsprutsen foar in selsstannige Omrop.

 



Downloads:
Foarbyldbrief omrop Fryslân


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer