FNP rikt Sulveren Fyts en Natuer- en Miljeupriis út
De FNP hat sneon 2 jannewaris op de nijjiersgearsit yn Surhústerfean wer de tradisjonele Sulveren Fyts en de Fryske Natuer- en miljeupriis útrikt. Beide prizen binne ynsteld troch de FNP en alle jierren siket de organisearjende ôfdieling, dit jier FNP-Achtkarspelen, dêr de kandidaten foar út. Andries Nieuwenhuis fan it Wielerkomité Surhústerfean en FNP Steatelid Wopke Veenstra rikten de prizen út.
De Sulveren Fyts gie dit jier nei Pieter Weening út De Harkema. Weening hat troch syn prestaasjes by it hurdfytsen en troch syn namme te ferbinen oan de jierlikse Pieter Weening Classic in foarbyld west foar sportyf en rekreatyf brûken fan de fyts. By de Sulveren Fyts heart ek noch in oarkonde.
Stichting Elzegea krige de Fryske Natuer- en Miljeupriis. It doel fan de Stichting Elzegea is om begryp
en draachflak te kreëarjen foar kultuer histoaryske en lânskiplike wearden fan
Noard-East Fryslân. Ynklusyf de floara
en fauna fan it gebiet. Stichting Elzedea is in gearwurkingsferbân fan de
ferieningen IVN de Wâlden, IVN Noaord- East Fryslân en de natuer en
lânskipsferiening "De Wâlden, de Marren". De hear Frieswijk fan de Stichting
Elzegea naam de priis yn ûntfangst. Dy bestiet út in notaris apelbeam en in oarkonde.
De Sulveren Fyts wurdt alle jierren útrikt oan dy ynwenner fan Fryslân dy't yn it brûken fan de fyts in foarbyld is foar oaren en him/har ynset foar de belangen fan fytsers. De Fryske Natuer- en Miljeupriis giet alle jierren nei in persoan, ynstelling of organisaasje yn Fryslân dy't him/har ynset foar it behâld en fuortsterkjen fan de natuer en in skjin miljeu yn Fryslân.
Op dizze nijjiersgearsit fan de FNP waard ek de jongerein-ôfdieling fan FNP Achtkarspelen presintearre; FNP JA, wat FNP Jongerein Achtkarspelen betsjut. In groep jongerein út de gemeente wurdt frege om mei nei te tinken oer de fraagstikken fan ‘e mienskip en sa ek bekend te wurden mei de polityk.
Pieter Weening mei de Sulveren Fyts, mei Andries Nieuwenhuis.
Fotografy: Saapke Voolstra
Foar in folslein fotoferslach fan Saapke Voolstra sjoch op http://www.facebook.com/FNPFryslan