NIJS   07-03-2017


Cees van Mourik kandidaat-foarsitter FNP

Ultsje Hosper hâldt op 19 maaie op as foarsitter en is net werkiesber. It HB draacht Cees van Mourik foar as opfolger. De leden kinne tsjinkandidaten stelle, sjoch de Frijbûtser fan april 2017.

Fan it Haadbestjoer                                   

Ljouwert, 2 maart 2017                                      

 

Meidieling oan de leden fan de FNP

 

Kandidaat foarsitter FNP:  Cees van Mourik fan De Gaastmar

 

Lykas bekend is foarsitter Ultsje Hosper yn de algemiene ledegearkomste op freed 19 maaie 2017 ôftredend. Hy hat it haadbestjoer tidich witte litten net foar in twadde termyn yn de beneaming komme te wollen.

Dêrop hat it haadbestjoer in foarsitterskommisje yn it libben roppen, besteande út Pytsje de Graaf, Hindrik ten Hoeve en Jehannes Elzinga. De foarsitterskommisje hat de hear Cees van Mourik fan De Gaastmar as kandidaat oan it haadbestjoer foardroegen.

 

Nei petearen fan Cees van Mourik mei it haadbestjoer, mei polityk lieder Corlienke de Jong, deputearre Johannes Kramer en mei foarsitter Ultsje Hosper, hat it haadbestjoer besletten de hear Cees van Mourik as kandidaat fan it haadbestjoer, as nije foarsitter op de algemiene ledegearkomste fan 19 maaie 2017  foar te dragen. Fansels kinne de leden neffens de karbrief fan de FNP mei tsjinkandidaten komme. Dy mooglikheid sil oanjûn wurde yn de útnûging foar de algemiene ledegearkomste fan 19 maaie 2017 , yn de Frijbûtser fan april 2017.

 

Mei freonlike groetnis,

Jehannes Elzinga, skriuwer



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer