De Algemiene Ledegearkomste fan de FNP is op 19 maaie. Wichtichste punt op de wurklist is de ferkiezing fan in nije partijfoarsitter. Fierder it fêststellen fan it Jierferslach fan de partij oer 2016 en de finansjele jierrekken.
De Steatefraksje en de deputearre presintearje harren tuskentiidske evaluaasje fan it partijprogram en it koalysjeakkoart. Lyksa sil de Wetterskipsfraksje fan de FNP weromsjen op de ôfrûne twa jier. Der sil ek praat wurde oer de stân fan saken foar de weryndielingsferkiezingen op 22 novimber.
Nei it skoft komt de aktualiteit by ferskate FNP-wurkgroepen op it aljemint, en hâldt de nij keazen partijfoarsitter syn yntreerede.
Klik hjir nei de Frijbûtser fan april 2017.