Trije dingen binne wichtich, seit de nije partijfoarsitter yn syn yntreerede. Kommunikaasje mei de leden, kommunikaasje mei de ôfdielingen en kommunikaasje mei de FNP politisy. En: 'Yn de kommende twa jier binne der earst ferkiezingen yn de trije grutte gemeenten, dêrnei ferkiezingen yn de oare gemeenten en dan de ferkiezingen foar de Provinsjale Steaten. As wy it by dy wichtige ferkiezingen net goed dogge, treed ik ôf, want dan haw ik it net goed dien. Ik bin gjin plúsplakker, dy't dan gewoan sitten bliuwt as ûnder syn ferantwurdlikheid ferkiezingen min beteare' .
Yn dizze Frijbûtser fierder it ferslach fan de Algemiene Ledegearkomste op 19 maaie 2017. De Steatefraksje bringt nijs oer de wichtichste FNP-punten dy't wy yn de Steaten beskrept hawwe. Fragen oer it Frysk op skoalle, in feilige oplossing mei tunnels foar de Westergoawei, maatskiplike koste-bate-analyze fan ynvestearringen yn de Fryske farwegen, de provinsjale Kadernota 2018 en de tekoarten by 'Waddenglas'. Ta beslút in artikel oer it fêststellen fan de kandidatelist fan de nije ôfdieling FNP Ljouwert (Ljouwert, Ljouwerteradiel en in part fan Littenseradiel) foar de riedsferkiezings yn novimber.
Klik hjir nei de Frijbûtser fan juny 2017