NIJS 26-02-2018
Diskusjejûn referindum Sleepwet 1 maart It Hearrenfean
De FNP organisearret yn de mande mei de OSF in diskusjejûn oer de sleepwet. Hjirby giet it net sasear om wa’t gelyk hat, mar om it foarmjen fan in eigen oardiel hjiroer.
Op 21 maart o.s. is der in riejaand referindum
yn Nederlân. Jo kinne dan oanjaan oft jo foar of tsjin de Wet op de
ynljochtingen- en feilichheidstsjinsten 2017 (de sleepwet) binne.
De FNP organisearret yn de mande mei de OSF in diskusjejûn oer de sleepwet.
Hjirby giet it net sasear om wa't gelyk hat, mar om it foarmjen fan in eigen
oardiel hjiroer.
Sprekkers:
-Arend Jan Boekestijn, âld- twadde keamerlid en foarstanner fan ‘e sleepwet
-Sandra Rottenberg, skriuwster en histoarika (en sus fan âld-PvdA foarsitter
Felix) en tsjinstanner fan ‘e sleepwet.
Sy sille de foars en tsjins fan de sleepwet beneame en nei it skoft is der
gelegenheid ta it stellen fan fragen en diskusje.
Wannear?
1
maart 2018, seal iepen fan 19:15h ôf
Plak: De Koningshof, Prinsenwei 1, It Hearrenfean
Tagong fergees ynklusyf in kopke kofje/tee en in stikje cake
Downloads:
Utnûging 1 maart 2018 sleepwet
Tags:
Algemien
MEAR OER DIT ÛNDERWERP