Dy konklúzje kin lutsen wurde út de gearkomst (T)sjoch faklju!, freedtemiddei yn ambachtsdoarp De Jouwer. De FNP hold de gearkomst omdat der grut ferlet fan faklju is. "En omdat Fryske faklju rûnom ferneamd binne'', sei FNP-Steatelid Corlienke de Jong.
Sprekker Henk de Vries (manager fakmanopliedingen Technyk Friese Poort) sei dat der oer 15 jier noch 30 prosint minder oanbod wêze sil. "Bedriuwen moatte hjir no al rekken mei hâlde.'' Johannes Boonstra (direkteur Wetsus) fertelde dat sels in wittenskiplik ynstitút ferlet hat fan ‘maakindustrie'. Utfinings wurde faak op de wurkflier dien.
Corlienke de Jong, ek dosinte oan it ‘Friesland College', lei in foarum en de seal mei ambachtsju trije mooglike oplossings foar. De earste wie dat ambachtswurk better betelle wurde moat, sadat it oantrekliker wurdt foar bern - en âlders - om dêr foar te kiezen. De seal fûn soks net perfoast nedich. Reiddekker Sjouke Ridzert Veenstra: ‘Mear wurdearring foar it fak fyn ik wichtiger.''
It wurk wer sichtber meitsje yn doarpen waard wol sjoen as in goeie opsje. Al sil soks net in hiele soad nije faklju opsmite. Ek it idee om learlingen lykas yn Dútslân te keppeljen oan in learmaster (meester-gezel) waard omearme. Bedriuwen ha faak gjin minsken en tiid om staazjerinners te begelieden. De Jong wol sjen oft hjir dan subsidie foar frijmakke wurde moat.
In manager fan Omrin hie misskien wol de bêste oplossing foar it imagoprobleem. It ôffalbedriuw makket en ferspraat moaie filmkes fan de eigen meiwurkers oan it wurk.
Foto's: PDF-grafie