NIJS   09-03-2015


Haachske Autoriteit grypt yn by Fryske breedbân ynternet projekten

Autoriteit Consument en Markt leit dwers

Sybren Posthumus 2015 lyts      

Fryske breedbân ynternet projekten kinne mooglik 3 of 4 moanne fertraging oprinne. Dat docht bliken út fragen dy't de FNP stelt oan deputearre Poepjes. By it projekt yn Langedike is ûnferwachte yngrepen troch de Autoriteit Consument en Markt. De Steatefraksje wol no witte oft dizze tebeksetter foarsjoen wie.

  

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy & Breedbân Ynternet 

Reaksje ? Mail sybren.posthumusfnp.frl

De FNP hat de ynformaasje oer de yngreep by it projekt yn Langedike befêstige krigen. De Autoriteit Consument en Markt hat bepaald dat der sprake is fan in monopoalje-sitewaasje fan KPN en dat ek oare oanbieders in oanbod dwaan moatte kinne. De FNP fernuveret him dat soks ek mei in eigen doarpskoöperaasje lykas yn Langedike kenlik it gefal is. Ien en oar hat in útstel fan moannen fan gefolgen.

FNP wurdfierder Sybren Posthumus wol fan deputearre Poepjes witte oft dizze tebeksetter foarsjoen wie. Hy wol ek witte oft der al mear gefallen bekend binne dêr't no fertraging ûntstiet. ‘It is nuver dat projekten dy't de Europeeske toets foar ferbeane steatsstipe en konkurrinsjeferfalsing trochstien hawwe, no troch in Haachske autoriteit wer weromfluite wurde', sa stelt Posthumus. De FNP wol foarkomme dat it no op oare plakken yn Fryslân ek mis giet mei de lokale projekten yn de ‘wite gebieten': ‘Wol it Kolleezje mei de Autoriteit yn petear gean om ta in ûntheffing of in algemiene oplossing foar alle projekten yn Fryslân te kommen? ‘



Downloads:
FNP fragen yngreep breedbân ynternet
Utstelbrief FNP fragen yngreep breedbân ynternet
Antwurdbrief op FNP fragen yngreep breedbân ynternet


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer