NIJS   13-03-2015


Gjin ûnnedige nije bedriuweterreinen ûntwikkelje

Kanaalûntwikkeling Zuidhorn konkurrint Koatstertille en Skûlenboarch ?

 Anna Martha van der Mei 2015 lyts  

Bettere regionale ôfstimming fan nije bedriuweterreinen, net allinnich yn Fryslân mar ek oer de grins mei de buorprovinsjes. Dat wol de Steatefraksje fan de FNP berikke mei skriftlike fragen oan DS. Oanlieding is it plan foar in nij wiet bedriuweterrein oan it Van Starkenborghkanaal yn de gemeente Zuidhorn. Dat kin wolris in konkurrint fan Koatstertille en Skûlenboarch wurde, dêr't de Provinsje no krekt in soad jild stekt yn presys sa'n wiet bedriuweterrein.

Anna Martha van der Mei, FNP wurdfierder Romtelike Oardering

Reaksje? Mail a.m.vandermeifryslan.nl

 

It Kolleezje fan DS stimt bedriuweterreinen per regio ôf mei de gemeenten. De FNP wol net dat der ûnnedige nije terreinen ûntwikkele wurde. Dêr is yn novimber yn de Steaten noch in moasje oer oannommen. Revitalisaasje, werstrukturearring en ferduorsuming fan besteande yndustrygebieten stiet foarop. No skriuwt it Kolleezje yn in brief dat it nedich is om alle besteande bedriuweterreineplannen mei de gemeenten op'e nij tsjin it ljocht te hâlden. De prognoazen fan foar de krisis binne bot efterhelle en it ferlet is hjoed-de-dei in stik minder.

Wurdfierder Anna Martha van der Mei fan de FNP wol no witte oft der ek ôfstimd wurdt mei de gemeenten oer de grins mei de buorprovinsjes. It plan yn de gemeente Zuidhorn om in nij wiet yndustrygebiet te ûntwikkeljen oan it grutskipsfarwetter soe bygelyks de ûntwikkeling fan Skûlenboarch wolris yn'e wei sitte kinne, as op itselde soarte fan bedriuwen mikt wurdt. Van der Mei: ‘De gong fan saken mei de ferbreding fan de slûs op Koarnwertersân ten bate fan de skipsbou jout al oan dat sa'n ôfstimming mei de buorprovinsjes fertuten dwaan kin. No lûke wy mei inoar op yn stee fan inoar yn it farwetter te sitten.'



Downloads:
FNP skriftlike fragen regionale ôfstimming bedriuweterreinen
Brief gs motie bedrijventerreinen
Antwurd op FNP fragen regionale ôfstimming bedriuweterreinen


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer