NIJS   18-10-2013


FNP yn Steaten: jild foar opromjen wynmûnen

€ 9 miljoen beskikber út Fûns Skjinne Fryske Enerzjy

 Auke 2011 lyts  

Der komt jild fan de Provinsje foar in plan om besteande wynmûnen yn Fryslân op te romjen. Dat is it resultaat fan in slagge amendemint fan de FNP yn de Fryske Steaten. Foar it opromplan komt 10% fan it saneamde Fûns Skjinne Fryske Enerzjy (FSFE) frij, in bedrach fan € 9 miljoen. It FSFE fan € 90 miljoen is dêrnei oannaam. It is ien fan de grutste besluten yn de rinnende koalysjeperioade oant no ta.

 

Auke Bijlsma, FNP wurdfierder Enerzjy

Reaksje? Mail a.bijlsmafryslan.nl

 

 

 

Yn it debat krige FSFE-wurdfierder Auke Bijlsma ek dúdlikens fan deputearre Konst oer in oare eask dy't de FNP oangeande de wynmûnen op tafel lein hat. De rinnende MER-proseduere moat dien makke wurde. Alle ynwenners en organisaasjes dy't massaal protest oantekene hawwe tsjin de saneamde ‘sykgebieten' yn Súdwest-Fryslan en by It Hearrenfean hawwe dêr rjocht op. Der komt no dochs in reaksjenota sa't it heart en dan kinne de Steaten har dêr oer útsprekke.

 

Konst stiet ûnder druk fan it Nasjonaal Enerzjyakkoart en it Ryk om ynkoarten gebieten oan te wizen dêr't planologyske romte foar wynmûnen komt. Hy hat tasein dat de Steaten yn jannewaris mear dúdlikens krije hoe't it no fierder kin. Hy sei dêrby dat it net útsluten is dat der in alhiel oar plan op tafel komt. De FNP trunet dêr ek op oan, want de ‘sykgebieten' wiene yn de konsept-struktuerfisy fierstente rom yntekene troch de Provinsje. It wie perfoarst net wat de FNP-ûnderhannelers foar eagen stie begjin 2011. De Steatefraksje wol no dat de oarspronklik beëage lijnopstelling by de Ofslútdyk del wer yngreven ûndersocht wurdt.

 

 

Inisjatyfútstel Meldpunt Pleechsoarch

Annigje Toering 2012 05   

In inisjatyfútstel fan FNP, PvdA, SP en CDA oer in ûnôfhinklik meldpunt foar klachten yn de Fryske pleechsoarch is oannommen. It meldpunt sil op 1 desimber iepen gean. Nei triie moanne krije de Steaten in rapport oer alle meldingen. It inisjatyf wie neffens de partijen nedich omdat der in soad sinjalen binnen kamen dat der dingen net goed gean yn de pleechsoarch. ‘Der is in soad rûs op de line' sa sei FNP wurdfierder Annigje Toering. Der is net altyd betrouwen yn in goede ôfhanneling by de belutsen pleechsoarchynstellings sels. De yntsjinners hoopje dat minsken mei in ûnôfhink meldpunt de klachten wol doare troch te jaan..

 

Annigje Toering, FNP wurdfierder Sosjaal Belied en Soarch

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl 

 

 

 

Doefonds en mear grip op Grinzer Enerzjy Valley
visser 1   

 

PvdA, FNP en CDA hiene yn it Koalysjeakkoart ôfpraat dat der in saneamd ‘Doefonds' komme moast foar it stimulearjen fan it Fryske MKB bedriuwslibben. Dêr is no yn de Steaten € 8 miljoen foar frijmakke. Dit wie nedich om't lytse bedriuwen faak al hege lienings ôfsletten hawwe en dêrtroch gjin jild mear frijmeitsje kinne foar fernijende produkten.

 

Jan Visser, FNP wurdfierder  

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl 

 

 

 

Der wie in soad krityk op de grutte klusterorganisaasjes lykas it Grinzer Enerzjy Valley. Dy slokke wol in soad subsydzje op en sette harsels mei dat jild o sa moai del (it saneamde ‘branding') mar de wurkgelegenheidseffekten binne tige twifeleftich. Dat die bliken út in ferneatigjend rapport fan de Noardlike Rekkenkeamer. It Fryske kluster Wetsus (wettertechnology bedriuwen yn Ljouwert) docht it mei minder jild en fan ûnderen op hiel wat better, sa waard dúdlik.

 

In moasje fan FNP en PVV frege om de resultaten fan dy grutte klusterorganisaasjes yn Fryslân, Grinslân en Drinte folle better ynsichtlik te meitsjen foar de Steaten. Dit útstel  krige hast unanime stipe. De FNP hat yn de moasje regele dat der wer eigen Fryske (digitale) loketten of festigingen fan dy klusterorganisaasjes komme. Sa kinne Fryske bedriuwen ticht by hûs better gebrûk meitsje fan kennis en kunde om der nije produkten mei te ûntwikkeljen. Dat is wol nedich no't ynstellings lykas de Keamer fan Keaphannel al fierhinne út Ljouwert wei helle binne.



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer