NIJS   24-10-2013


Underhannelings oer takomst Omrop Fryslân

Ynset FNP bliuwt selsstannige posysje

 Annigje Toering 2012 05  

Earder dit jier hat de FNP mei it Steatekomitee Frysk yn Den Haag west om te pleitsjen foar de selsstannige posysje en de finansiering fan Omrop Fryslân. Der is doe in keamermoasje-Heerma oannommen oer dy selsstannige posysje. De Keamer woe doe lykwols net omlyk as it gie om it jild: oer alles koe praat wurde mar net oer de besunigingen fan it  PvdA-VVD kabinet.

 

 

Annigje Toering, FNP wurdfierder Media, Kultuer en Underwiis 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

Doe't ein septimber bliken die dat de Nasjonale Publike Omrop (NPO) de regionale Omroppen it leafst opgean litte wol yn ien ‘Hilversumske' publike mediatsjinst, hat de Steatefraksje daliks skriftlike fragen steld oan deputearre Jannewietske de Vries. De antwurden komme der op del dat de FNP-moasje dy't begjin 2013 yn de Steaten oannommen is, noch hieltyd útgongspunt is foar de lobby fan de Provinsje.  Dat wol sizze de moasje-Heerma, it advys fan de Kommisje Hoekstra oer de spesjale posysje fan de Omrop yn ferbân mei de Twadde Rykstaal en de nijste Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer tusken Ryk en Provinsje fan 2013 wolle wy steatssiktaris Dekker ûnferkoarte oan hâlde.

 

De Haachske polityk is fan doel en feroarje it publike mediabestel  yn Nederlân yngreven.  De Twadde Keamer hat ûnderwilens ynstimd mei in feroaring fan de Mediawet. Underdiel dêrfan is de re-sintralisaasje fan de budzjetten foar de regionale omroppen. Dizze sille tenei net mear fia de Provinsje mar troch De Haach sels ferdield wurde. Fierder wol de steatssiktaris in grutte besuniging trochfiere, ûnder oaren troch de organisaasje fan de regionale omroppen  yn ‘Hilversum' ûnder te bringen.  Dêrta hat Dekker fjouwer modellen foar gearwurking formulearre. Dêr sil hy yn oerlis mei de  NPO, de regionale omroppen yn Stichting Roos en de provinsjes in kar út meitsje en dat fierder útwurkje. Stifting Roos (fise-foarsitter Omrop-direkteur Jan Koster) hat in eigen fariant útwurke  wêryn de regionale stjoerders yn harren eigen regio's gearwurkje yn stee fan yn ‘Hilversum' op te gean. Healwei 2014 moat it keazen konsept-plan oan de Twadde Keamer foarlein wurde.

 

Underwilens is dit ek al wer ynhelle troch it hjerstakkoart fan it kabinet mei D66, ChristenUnie en de SGP. De oarspronklike besuniging op de hiele publike  Omrop is troch de helte gien, mar net dy op de regionale stjoerders.  Der wurdt no efter de skermen drok lobbyd, ek troch de FNP, om foar de Omrop it maksimum út de ûnsteane sitewaasje te slepen. Us ynset bliuwt deselde as ferwurde yn de antwurden fan deputearre De Vries op ús fragen.  Wy sitte no dus yn in ûnderhannelingssitewaasje mei it Ryk en de oaren belutsen partijen. 

 

It sprekt foar himsels dat jo yn sa'n sitewaasje better net yn it foar al roppe kinne dat jo it tekoart wol út eigen provinsjale bûse bybetelje wolle, sa't  Jelle Hiemstra (Friese Koers) die. Dat kin earst oan de oarder wêze yn de provinsjale Begrutting 2015 (hjerst  2014) as de útkomsten fan it Keamerdebat oer Dekker syn definitive senario dúdlik binne. Jelle Hiemstra hat syn fragen ûnderwilens wer ynlutsen.

 

Annigje Toering



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer