NIJS   05-11-2013


FNP: Bettere digitale promoasje fytsrûtes

Mar twa Fryske rûtes te finen op nederlandfietsland.nl

 Sybren 2011 lyts  

Ljouwert - De steatefraksje fan de FNP wol in bettere digitale promoasje fan de fytsrûtes yn Fryslân. Kommende woansdei, by de Steategearkomste, tsjinnet de FNP dêroer in moasje yn.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Rekreaasje en Toerisme

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

It giet de FNP benammen om promoasje fia de webside http://www.nederlandfietsland.nl/.

Dy side hat 50.000 besikers yn de moanne. Op dy side steane lykwols mar 2 Fryske fytsrûtes. De FNP hat klachten krigen dat soks better moat. De FNP komt mei de moasje om't it de ferwachting fan saakkundigen is dat it tal rekreative fytstochten en fytsfakânsjes fierder tanimme sil. Ek foar de algemiene promoasje fan Fryslân as toeristysk gebiet is it wichtich dat de PR goed is.

 

Ut ferskate ûndersiken docht ek bliken dat der ferlet is fan in goed fytsbelied: sa is der in opmars fan it elektrysk fytsen en binne minsken mear dwaande mei in sûn en sportyf libben. Tagelyk is in konstatearring dat omlizzende lannen (Dútslân, Denemarken) bot ynvestearje yn fytsrekreaasje. Om dy lannen in stap foar te bliuwen is ynvestearjen yn goede foarljochting en marketing fan it fytsen en fytsrûtes tige wichtich. 

 

De FNP hat it fytsen altyd heech yn it findel hân. Sa wurdt by de nijjiersgearsit fan de partij altyd in priis útrikt foar dy persoan dy't in soad fytst. Yn it partijprogramma stiet dat de FNP stiet foar in aktyf en offinsyf provinsjaal fytsbelied. Tagelyk moat trochgien wurde mei it oanlizzen fan fytspaden foar wen- wurkferkear



Downloads:
Brief ds FNP moasje 748 promoasje fytsrutes


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer