NIJS   24-03-2014


FNP: Ljouwert better oanjaan op ANWB-buorden

Miljoenen besikers moatte Kulturele Haadstêd 2018 fine kinne

 Sybren Posthumus 2014 MGM 2803 lyts  

De Steatefraksje fan de FNP wol dat Leeuwarden/Ljouwert better op de ANWB-buorden komt by de sneldiken del. Dat is nedich foar om it toerisme en Ljouwert as Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 te befoarderjen, seit de partij. De FNP tsjinnet hjir kommende woansdei in moasje oer yn by Provinsjale Steaten.

 

Sybren Posthumus,

FNP wurdfierder Rekreaasje en Toerisme

 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl 

 

 

FNP wurdfierder Rekreaasje en Toerisme Sybren Posthumus stelt dat Ljouwert út súdlike rjochting wei ûnsichtber is foar de reizger; pas by de splitsing Meppel op de A32 wurdt de rjochting Ljouwert oanjûn. De stêd Grins stiet al wol rom foar Swol oanjûn op de ANWB-buorden.

 

Posthumus is fan betinken dat it fan in Gastfrij Fryslân - de titel fan it nije toerismebelied - tsjûget dat de haadstêd fan Fryslân út it suden wei dúdlik yn byld is. In ekstra argumint is dat Ljouwert as Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 miljoenen besikers út binnen- en bûtenlân ferwachtet.  Soks is ek reden foar in bettere beweiwizering nei de stêd ta.

 

De FNP trunet der by it Kolleezje fan Deputearre Steaten op oan om aksje te ûndernimmen mei de ANWB, de toeristyske belange-organisaasjes en KH2018.



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer