NIJS   26-03-2014


FNP: treningssintrum KNSB behâlde foar Fryslân

Skriftlike fragen oan Deputearre Steaten

 Annigje Toering 2012 05  

It treningssintrum foar jonge toptalinten foar it reedriden moat yn Thialf bliuwe. Dat is de strekking fan fragen fan de FNP oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten. 

 

 

Annigje Toering, FNP wurdfierder Sport en Sosjaal Belied  

 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

De FNP hat grutte noed oer de berjochten dat de KNSB it nije regionale treningssintrum foar it noarden nei Grins ta hawwe wol. Wurdfierder Annigje Toering freget nei de feitlike stân fan saken. Se wol ek witte oft it Kolleezje al earder op de hichte wie fan it foarnimmen fan de KNSB.

 

De FNP hat benammen soargen oer de eventuele gefolgen foar it CTO (it sintrum foar topsport opliedingen) en foar it nije Thialf. It reedriden heart by de kearn fan it CTO. De provinsje betellet hjir oan mei fanwege it grutte belang fan de topsport ûntwikkeling en it reedriden foar Fryslân en It Hearrenfean as sportstêd yn Nederlân.

 

Toering wol witte op hokker wize it kolleezje him ynset om dit treningssintrum foar It Hearrenfean te behâlden. Se seit dat de Steaten har terjochte soargen meitsje oer dizze ûntwikkeling: ‘hoe tinke jo PS hjir by te belûken?'



Downloads:
FNP skriftlike fragen regionaal treningssintrum knsb
Antwurdbrief oan FNP oer regionaal talintensintrum knsb


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer