NIJS   09-05-2014


FNP: fakmanskip stimulearje troch stipe oan bedriuwsskoallen

Oplossingen sykje foar finansiering

Sybren Posthumus 2014 MGM 2803 lyts     

De provinsje moat goed rinnende bedriuwsopliedingen fan ûndernimmingen yn Fryslân koesterje en fasilitearje, stelt de FNP yn skriftlike fragen oan it Kolleezje fan DS. Der binne lykwols knyppunten mei de finansiering nei 2015. Dy moatte gau oplost wurde, bygelyks mei jild út ‘Wurkje foar Fryslân'. De partij freget wat de mooglikheden foar in bettere finansiering binne.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy

 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl 

 

‘Sokke bedriuwsskoallen helpe om de oansluting tusken ûnderwiis en it bedriuwslibben te ferbetterjen', seit FNP wurdfierder Sybren Posthumus . ‘It is ek in stimulâns foar fakmanskip en ûndernimmerssin. Der is in fruchtbere gearwurking fan de ûndernimmingen mei de regionale opliedingssintra lykas ROC de Friese Poort.  It makket minsken grutsk op it wurk dat se dogge en bynt de bedriuwen troch de fakminsken oan de regio.' Posthumus wol witte oft der in folslein oersjoch is fan de bedriuwsskoallen lykas by Feadship yn Makkum en Philips yn Drachten en wat de mooglikheden binne om se mei oerheidsjild te fasilitearjen.

 

‘De bedriuwen meitsje oanrinkosten om sa'n oplieding op lokaasje op te setten.  Jo kinne net ferwachtsje dat in kommersjele ûndernimming ta yn de ivichheid sokke kosten folslein sels betellet. De oerheid hat der ek belang by. It fersterket de struktuer fan ús regionale ekonomy'  sa stelt Posthumus. Hy freget oft it dêrom ek mooglik is om stipe te jaan fia ‘Wurkje foar Fryslân' fia de regeling ‘Talint foar Fryslân'. Mar faaks kin der ek mear kreatyf socht wurde nei de ynset fan bygelyks re-yntegraasjejilden, Europeeske subydzjes en it lannelike ‘Investeringsfonds MBO'.



Downloads:
FNP skriftlike fragen bedriuwsskoallen
Antwurdbrief oan FNP oer fasilitearjen bedriuwsskoallen


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer