NIJS   03-02-2023


Fragen oer ûntheffingen foar grutte skippen op farwei Hearrenfean

Wopke Veenstra (FNP) en Elsa van der Hoek (GrienLinks) stelle tegearre fragen oan it kolleezje oer de ûntheffingen foar grutte skippen (110 m lang, klasse Va) op de farwei nei it Hearrenfean by Terherne del.

Elsa van der Hoek: ‘De Steaten hawwe útsprutsen dat de grutte skippen net winske binne op de farwei nei it Hearrenfean. It kolleezje hat de ûntheffingen dêrop ynlutsen, mar dat net goed ûnderboud neffens de beswierkommisje fan de provinsje. Dêrom hat deputearre Fokkens de ûntheffingen op ‘e nij ferliend oan de grutte skippen. Wy wolle dat it kolleezje in bettere motivearring jout foar it ynlûken fan de ûntheffingen, sadat de grutte skippen fan de farwei wei holden wurde kinne.'

 

Wat foarôf gie
Op 27 novimber 2019 hawwe Provinsjale Steaten besletten om per 1 july 2021 op te hâlden mei it ferlienen fan ûntheffingen foar klasse Va-skippen op de farwei nei it Hearrenfean ta. It profyl fan de farwei is in krappe klasse IV, wat betsjut dat dy geskikt is foar skippen mei in breedte fan 9,50 en in lingte fan 85 meter. De farwei is dus net bedoeld foar skippen fan 110 meter lingte, de klasse Va.

 

Dat beslút is op 28 april 2021 noch ris op ‘e nij bekrêftige troch de moasje frjemd fan Forum voor Democratie, wêrby't de mearderheid fan de Steaten it beslút fan 2019 yn stân hâlde woene (om op te hâlden mei de ûntheffingen).

 

Op 12 july 2022 hat it kolleezje fan Deputearre Steaten besletten dat de klasse Va-skippen dochs wer gebrûk meitsje meie fan de farwei nei it Hearrenfean by Terherne del, omdat it beswier fan in oantal bedriuwen takend is troch de beswierkommisje. De beswierkommisje fûn de motivearring fan Deputearre Steaten om de ûntheffingen net ta te stean, ûnfoldwaande.

 

Yntusken bliuwt de skea oan de wâlskanten en kaden tanimmen, wurdt de boaiem omploege troch de te grutte skippen en wurdt der geregeld te hurd fard.

 

Op 13 july 2022 hat de FNP tegearre mei GrienLinks in moasje frjemd yntsjinne, wêryn't wy frege hawwe om alle war te dwaan om mei in bettere motivearring derfoar te soargjen dat de winsk fan de Provinsje oangeande de farwei Hearrenfean respektearre wurdt.

 

(Tekst GrienLinks, oersetting FNP) 



Downloads:
Skriftlike fragen FNP en grienlinks oer farwei Hearrenfean
Antwurdbrief ds oer farwei Hearrenfean


Tags: Ferfier yn Fryslan, Rekreaasje en toerisme, Wetter

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer