NIJS   10-11-2022


Fryske Steatepartijen: lossingen ôffalweter yn Waadsee ûnakseptabel

Yn de media wiene der berjochten dat der ôffal- en kuolwetter lost wurdt op de Waadsee en dat der dêrmei sa no en dan oertrêdingen konstatearre wurde. De Fryske Steatefraksjes fan GrienLinks, PvdA, FNP, PvdD, SP, D66 en Wiersma stelle dêrom fragen oan it kolleezje.

Jochem Knol (GrienLinks) út namme fan de partijen: ‘De Waadsee is in UNESCO Wrâlderfgoed en in hiel kwetsber ekosysteem. Sokke (skealike) lossingen kinne hiele grutte gefolgen hawwe. Yn de parse kinne wy lêze dat oan de Grinzer kust tonnen ôffalwetter mei dêryn fosfaten, stikstof en oare lost binne op de Waadsee. Wy wolle witte oft der ek op oare plakken (bygelyks by de Fryske kust del) ek ôffal- of kuolwetter yn de Waadsee lost wurdt. Dêrnjonken freegje wy ús ôf hoe dat mooglik is, dat der sa lang net goed nei fergunningen sjoen wurdt. Wy fine dat in tige minne saak en fine dat it lossen fan ôffal - of kuolwetter op de Waadsee ophâlde moat.'



Downloads:
Skriftlike fragen Steatepartijen oer lossingen ôffalwetter op de waadsee


Tags: Miljeu

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer