De namme fan it FNP konsept-Wetterskipsprogram 2023-2027 is: "En wat dogge we moarn mei it wetter?" De leden fan de FNP kinne op 18 novimber noch wizigings oanbringe yn de tekst fan it program, dat op de ledegearkomste fêststeld wurde sil.
Oanfollings en opmerkingen kinne maild wurde nei it FNP-Partijhûs: fnphusgmail.com. Graach yn in apart Word-dokumint, mei fermelding fan side en ûnderwerp. Wy fersykje de leden dat rom foar 18 novimber te dwaan, dan kin de programkommisje it foar de ledegearkomste ferwurkje.