NIJS   30-08-2022


FNP: hoe giet provinsje om mei plenning en kommunikaasje fan ynfrastruktuerprojekten?

De FNP Steatefraksje wol fan it kolleezje witte hoe’t it omgiet mei de plenning en kommunikaasje fan ynfrastruktuerprojekten. Wa bepaalt wannear’t in wurk krekt útfierd wurdt en wêr is dat fan ôfhinklik? En krekt sa wichtich: hoe wurde de gemeente, de brûkers en de minsken yn de omjouwing belutsen?

Yn de ôfrûne moanne wiene der in tal ynsidinten wêrby't de plenning fan wurken yn útfiering ta opskuor laat hawwe. Sa wie by de oanpak fan de Sintrale As ynearsten gjin rekken holden mei de Admiraliteitsdagen yn Dokkum en falt de renovaasje fan de Sânsleatbrêge yn Terherne noch yn it rekreaasjeseizoen, wêrtroch de ûndernimmers skea liede. Doarpsbelang en de rekreative ûndernimmers hiene graach sjoen dat de wurksumheden acht wiken letter útfierd wurde soene.

 

FNP-Steatelid Wopke Veenstra: ‘Hoe kommunisearret de provinsje as opdrachtjouwer mei de brûkers en de minsken yn de omjouwing? Wat docht de provinsje deroan om de oerlêst foar de brûkers en de minsken yn de omjouwing sa lyts mooglik te hâlden? Fynt it kolleezje dat de belangen op in goede wize ôfwage binne?'

 

Dêrneist binne der fragen steld oer de krusing yn Hallum. De FNP hat him earder sterk makke foar de ferkearsfeiligens yn Fryslân, ûnder oare by de krusing fan de N357 mei de Doniawei yn Hallum. Op dat plak sil in rotonde komme, en neffens it Provinsjaal Utfieringsprogramma Ferkear en Ferfier soe dy rotonde al yn 2021 oplevere wêze moatten hawwe. Hoe kin it dat dy rotonde der noch net leit, en hoe binne de ynwenners fan Hallum en de gemeente by de plenning belutsen of wurde se dêrfan op de hichte holden?    

Downloads:
Skriftlike fragen FNP oer plenning en kommunikaasje wurken
Skriftlike fragen FNP oer ûnderhâld sintrale as en admiraliteitsdagen
Antwurdbrief ds oer ûnderhâld sintrale as en admiraliteitsdagen


Tags: Ferfier yn Fryslan, Wetter

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer