NIJS   22-03-2022


FNP wol debat yn Steaten oer Lelylijn / Deltaplan

De Steatefraksje fan de FNP hat frege om in debat yn Provinsjale Steaten oer de plannen foar de Lelylijn en it Deltaplan Noard-Nederlân. Dizze plannen geane sa breed en der sitte safolle ferskillende romtlike en politike aspekten oan, dat it net sûnder in demokratysk debat yn de Steaten kin. It debat soe noch foar de simmer plakfine moatte. Dat seit de FNP yn in fersyk oan de agindakommisje fan de Steaten.

"Wat FNP oangiet hat it al fierstente lang duorre" (Sijbe Knol oer debat Lelylijn - Deltaplan)

Oanlieding foar it fersyk fan de FNP binne de resultaten fan de Maatskiplike Kosten Baten Analyse, de saneamde Quickscan-MKBA (ûndersyk Diel B) oer it Deltaplan, dy't it Kolleezje fan Deputearre Steaten okkerdeis oan de Steaten stjoerd hat. Op 16 juny 2021 hat der in kommisjebesprek west fan it Deltaplan. Dat wie benammen prosedureel, der wie op dat stuit noch neat oan stikken / útwurking beskikber dêr't PS ynhâldlik oer kedize koene.

 

FNP wurdfierder Sijbe Knol: ‘It Deltaplan is in sadanich majeur punt mei in sadanich brede scope, ek finansjeel, en rikt safier yn de takomst, dat it net oars kin dan dat PS der ynhâldlik debat oer fiere. Gean mar nei. It giet neist ynfrastruktuer, mobiliteit en berikberens ek oer ekonomy(ske struktuer) en (grutskalige) wentebou. It rekket it romtlik-lânskiplike, romtlik-ekonomyske, sosjaal-ekonomyske en sosjaal-kulturele belied fan de Provinsje, gemeenten en it Ryk.'

 

Knol: ‘It giet ek oer bestjoerlike gearwurking, oer demokratyske beslútfoarming by sokke yngripende projekten, oer de rol fan de gemeenterieden, oer it draachflak en de partisipaasje fan it Fryske publyk ensafuorthinne dy't in besprek freegje. It is allegear nochal technysk mei alle ûndersiken dy't dien binne. Wy wolle, lykas earder mei de MKBA oer de Feangreide, ek tekst en útlis fan de ûndersikers. By sa'n grut en yngripend punt ûntkomme je ek net oan in folsleine demokratyske behanneling mei ynformaasje, harksitten en kommisjes. Wat de FNP oangiet hat it al fierstente lang duorre.'



Downloads:
FNP agindearringsfersyk lelylijn-deltaplan
Brief ds deltaplan


Tags: Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer