Demografyske ramp
Op it stuit ha wy te meitsjen mei de neilittenskip fan belied fan in jier as 20 tebek. De stêden moasten groeie. En dat hawwe se dien. De jongste nijbouwiken by Ljouwert binne dêr it resultaat fan. Advertinsjes fan makelers foar dy wiken wurde fia de digitale brievebussen yn de doarpen omraak ferspraat. Der driget in ramp. In demografyske ramp. As wy sa troch gean, dan driget in folsleine generaasje fan jongerein út guon doarpen fuortjage te wurden. Mei dêr efteroan de skoalle, it ferieningslibben en de middenstân. Dan sil de foarsizzing fan slim fergrize plakken dêr noch hurder taslaan. In fisieuze sirkel dy't mei mooglik makke is troch belied en karren yn it ferline.
Leare fan it ferline
Litte wy de flaters fan it ferline erkenne en der fan leare. Roppe om rûchwei 45.000 huzen by de grutte plakken boppe op de autonome groei yn dizze provinsje is in fergelykber grutte flater as al dy grutte nijbouwiken by dyselde plakken dy' t sa'n 20 jier lyn betocht binne. Litte wy it oer in goed fundearre ûnderbouwing mar net ha. Dy is der net. Wêr't elk doarp de needsaak sjen litte moat en suver knibbelje moat foar in pear wenningen is it yn de grutte kearnen krekt oarsom.
De rekken út it ferline leit der no. It is no tiid om in nije koers yn te setten. Ynspylje op it ferlet dat der yn de doarpen is. Net allinne ynsette op nijbou yn de grutte plakken. Dêr moatte de bestjoerders no hurd mei oan de slach.
Sijbe Knol
Foarsitter FNP Provinsjale Steaten
Jan Willem Tuininga
Foarsitter FNP Gemeenteried Ljouwert