NIJS 08-07-2021
Eben Haëzerskoalle yn Dokkum is winner wurden fan de FNP-reintonne-aksje
FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol hat juster in reintonne oerhandige oan Rixte Zijlstra fan de Eben Haëzerskoalle yn Dokkum. De skoalle wie de lokkige winner fan in aksje op de sosjale media. De skoalle hat krekt nije túntsjes oanlein en kin de tonne goed brûke. Mei de reintonne hawwe de skoalbern aanst genôch wetter foar de plantsjes.
"De reintonne hat in goed plakje krigen" (Sijbe Knol)
Op inisjatyf
fan de FNP en in tal oare partijen is der ferline wike yn Provinsjale Steaten fan Fryslân
in moasje oannaam om 100.000 euro beskikber te meitsjen foar in provinsjale
reintonne-regeling. Dêrmei wurdt stimulearre dat Fryske húshâldings in reintonne
oanskaffe, wurdt by rein wetter opslein en by drûchte wetter besparre. It is de
bedoeling dat de provinsjale regeling yngiet op Wrâldwetterdei, 22 maart 2022.
Tags:
Klimaatferoaring,
Wetter
MEAR OER DIT ÛNDERWERP