Mienskip
It ôfrûne wykein wie ik op it fytske nei myn âlders yn Berltsum. Oan de râne fan
it doarp kaam ik in heit en mem tsjin mei in jonkje dat my wakker entûsjast
fertelde oer syn debút op sneon foar ‘it andere oranje', SC Berltsum. Einliks,
nei moannen fan wachtsjen wie it dan sa fier. De fuotballerij koe mei taskôgers
wer los gean. By myn âlders siet de jongste helte fan de twa soannen al klear.
Keatse! De earste ledepartij koe ek wer oan gean. It doarp kaam wer by elkoar.
It keatsfjild yn dit gefal of yn in oar gefal de seal, it is de smaroalje fan it
doarp
Ferline wike rûnen wy hjir tusken de bedriuwen troch, de stêd yn en kochten wat te drinken op'e Nijstêd. It treintsje mei toeristen kaam ús wer foarby en de frjemde talen om ús hinne wiene ek wer rom fertsjinwurdige. Fryslân begjint wer te libjen!
Wy binne yn de Steaten no in 2,5 jier oan de gong. Wêrfan hast 1,5 jier mei in krisis dy't fan koroana hjit, boppe ús holle. Mear as earder sjogge wy dat it wiere gelok him sit yn ús minsken, ús mienskipssin, ús romte en ús gea. Wolwêzen dat in op syn minst in lykweardich plak fertsjinnet tsjinoer materiële wolfeart.
Lânskip
En soks jout ek gauris te tinken. In pear wike ferlyn siet ik mei Henk de Vries,
direkteur fan it Fryske Gea, earne oan tafel. Hy frege him dêr lûd op ôf oft yn
in wrâld dy't hieltyd mear minsken in plak jaan moat, it echt sa slim wêze soe
dat de befolkingsgroei yn Fryslân net sa hurd giet.
De wrâld om ús hinne is dynamysk, soarget foar nije wolfeartssykten en hat tsjinwurdich in tempo dat amper by te hâlden is. Mear as ea stiet der druk op de romte om ús hinne en soks freget in hoeden ôfwaging as wy it ha oer nije ûntwikkelings. Wat fuort is komt mar dreech werom. In oertinking.
En dat it tinken wolris feroarje kin, liet de klimaatorganisaasje Urgenda ferline wike sjen: net noch mear wynmûnen op lân. It minderheidsstânpunt fan de FNP as wy sjogge nei it oantal partijen yn dizze Steaten, kriget mear en mear byfal. Sjoch nei de GrienLinks stimmers yn Amsterdam, dy't de eagen ek iepen gean. It liket derop dat wy it krekt lang genôch keard ha, want hjir jildt: wat der stiet is net gau wer fuort.
Fan dit plak ôf fertsjinnet it kolleezje dan ek in komplimint. Realisme, draachflak, bewustwêze fan ús eigen posysje yn 'e wrâld en ferantwurdlik wêze wolle foar ús eigen part. It pas ús as in jas.
Wy moatte wach wêze op grutte lânskiplike yngrepen. Foarút sjen nei yn it ferline, want it ferline hat faker it antwurd op de útdaging fan moarn as it stribjen nei grutte feroaring.
Fryslân docht
it
Yn dat ljocht wolle wy
graach Skiermûntseach yn it ljocht sette. In kollektyf fan ûndernimmers, boeren
dy't op basis fan reewilligens kieze foar in oare bedriuwsfiering. De oergong
nei kringloop hat net maklik west, mar mei stipe fan dizze provinsje en it
ministearje fan minister Schouten liket it derop dat it slagje sil. Sels de leie
mear yn hannen en minder ôfhinklik fan de grutte suvelfabriken. Ferkeapje fanôf
it eigen hiem. Foarút sjen nei it ferline.
Konsumint en ûndernimmer fine elkoar ek. Op in wat suterige sneon yn oktober ferline jier fleagen hûnderten auto's oer de Alde Bildtdyk. De Bildtse smaakroute soarge foar reade strepen yn googlemaps. Konsuminten kamen mei foar twa wike ierappels, sipels, woartels, sketten guozzen en oar streekeigen iten thús. Net stjoerd op feroaring en ynnovaasje mei vouchers of oare regelingen. Mar it barde gewoan!
Soargje foar in noflik klimaat wêryn't de minsken dy't it wolle de transysje meitsje kinne en de minsken dy't tefreden binne dat ek bliuwe kinne. Yn dat ljocht komme wy dêrom ek mei PVDA, CDA, Partij foar de Bisten en GrienLinks mei in moasje om jild te reservearjen foar in Transysjefûns Lânbou.
Fierder komme wy mei in moasje om in stimulearringsregeling foar it oanskaffen fan in Reintonne. Dit dogge wy mei PvdA en Partij foar de Bisten.
Noch ien punt fan omtinken. Wy sjogge dat de finânsjes fan dizze provinsje werom rinne. Soks wie gjin ferrassing mar it jout ús wol wat reden ta soarch. Dizze provinsje mei in grutte relevânsje en yn fergelyk mei oaren in aardich oansjen liket minder fan betsjutting te wurden. De Kommissaris fan de Kening hat de professoaren Caspar van den Berg en Herman Lelieveld in essay skriuwe litten om Fryslân bestjoerlik sterker te meitsjen. Wy binne hjir tige optein oer en freegje ús ôf: hoe rint dit trajekt en hoe falt it op oare plakken?