800 hektare by Seisbierrum
Yn in online-ynformaasjesesje lei de gemeente Waadhoeke juster de plannen út en frege om ynbring fan ynwenners en oare belangstellenden. Hoe't de plannen der krekt útkomme te sjen is noch wat wif, mar it gebiet is al wol dúdlik: súdlik fan Seisbierrum, op lytse ôfstân fan in ûnderstasjon fan Tennet/Liander. De oansluting kin dan frij ienfâldich regele wurde. Ek oer de omfang komt ien getal hieltyd wer werom: 800 hektare sinnepark.
Ferbettere technyk soe derfoar soargje kinne dat it mei minder ta kin. Mar as net foar de wenstige effisjinte rychjes-opstelling mar foar in minder yntinsive opstelling keazen wurdt, soe it ek mear wurde kinne. Al fynt de gemeente mear as 800 hektare eins net winsklik. It die juster bliken dat de gemeente sinne op dak net echt as in realistyske opsje sjocht om oan de fraach nei enerzjy te foldwaan; dat smyt net genôch op en ferget mear ynspanningen om der mei de eigners út te kommen en boppedat is it dreech mei de elektrisiteitskabels.
Unbegryplik
De FNP Steatefraksje fynt it ûnbegryplik: ta fergeliking, 800 hektare is mear as tweintich kear it hiele kassengebiet fan Seisbierrum of omtrint twa kear de folsleine beboude kom fan Frjentsjer. En dat wylst de provinsje mei each op it behâld fan it lânskip noch gjin jier lyn regels steld hat om de oanlis fan opstellingen foar sinneparken en wynenerzjy better te regeljen, om wyldgroei te foarkommen.
Stridige oanpak
De metodyk fan de sinneljedder jout oan dat earst sjoen wurde moat nei sinne op dak, dan op grûn binnen beboud gebiet en pas as lêste op lânbou- of natuergrûn. Boppedat is ek binend fêstlein dat de grutte fan in park passend wêze moat mei de behoefte fan in kearn en past by de skaal fan dy kearn.
It kolleezje fan Waadhoeke giet dêr streekrjocht tsjinyn. It wol yn de earste plak op lânbougrûn bouwe, mei ien grut kluster foar de hiele gemeente, en lûkt him neat oan fan de aard, skaal en karakter fan it gebiet. It kolleezje fan Waadhoeke liket ek net yn de gaten te hawwen dat it mei de oare oerheden yn Fryslân mei-inoar ien regio foar de Regionale Enerzjy-Strategy (RES) foarmet, en dat dy regio al goed op wei is om de enerzjyfraach fan de Fryske befolking, en dus ek de befolking fan Waadhoeke, te garandearjen.
Provinsjale kaders en de RES
FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol: ‘It is mar goed dat de provinsje kaders steld hat, want oars bliuwt der neat oer fan ús moaie lânskip. Om ûnrêst yn de regio foar te kommen kinne wy de ynwenners fan de regio ynearsten gerêst stelle: it romtlik belied fan de provinsje sil altyd liedend wêze.' FNP-wurdfierder duorsume enerzjy Rein van der Wal: ‘In sinnepark fan de omfang lykas dy no foarsteld wurdt is hielendal net nedich, mei de besteande plannen en de kânsen dy't nije enerzjyfoarmen lykas akwatermy ús biede, kinne wy aanst yn Fryslân prima oan de fraach foldwaan.'
De FNP hat juster mei de fraksjes fan CDA, 50PLUS en VVD fragen steld oan Deputearre Sietske Poepjes oer de wylde plannen fan de gemeente Waadhoeke.