Okkerdeis hawwe de Vereniging Eigen Huis, de Vereniging van Woningcorporaties, de NVVC, it Verbond van Verzekeraars en it Kennis Centrum Aanpak Funderingsproblematiek meiinoar in Deltaplan opsteld. Yn de Twadde Keamer binne fragen steld oan de minister fan Ynlânske Saken (keamerlid Nijboer, PvdA) om dizze hite jierappel no net wer troch te skowen nei gemeenten of bewenners, mar sels de leie yn hannen te nimmen om ta in oplossing te kommen. It mei dúdlik wêze dat it hjir giet om grutte bedraggen. Bedraggen dy't de measte yndividuele hûseigners net opbringe kinne, mar de gemeenten of de Provinsje ek net.
Wat kinne de Provinsje Fryslân en it Wetterskip dan ál dwaan?
- Yn oparbeidzjen mei de bewenners en de gemeenten de skea goed yn kaart bringe. De kosten foar yngreven ûndersyk op harren nimme. Feiten sammelje wêrop at in mienskiplike klaim rjochting De Haach basearre wurde kin.
- Alle politike lobby ree meitsje om derfoar te soargjen dat it nije kabinet yn it regearakkoart in fiks bedrach opnimt om de dupearre hûseigners substansjeel finansjeel temjitte te kommen.
- Foar de gefallen dêr't it fuortendaliks knypt pleitsje foar in need-garânsjefûns by it Ryk om yn dy gefallen sa fluch mooglik hannelje te kinnen.
Dêrom is it wichtich dat hûseigners, gemeentlike en provinsjale oerheid meiinoar oan de saneamde fundearringstafel sitten bliuwe. Net om elkoar de ferantwurdlikheid ta te skowen, mar om meiinoar in fûst te meitsjen nei de Haachske polityk. Dêr moat men dochs foar it ferstân krije dat nimmen der belang by hat dat der in nij skandaal ûntstiet, te fergelykjen mei de skea-ôfhanneling fan de Grinzer ierdgasskea. Dit is in spul fan lange asem, mar no't de miljarden sa't it liket yn De Haach foar it opkrijen lizze, is dit it gaadlike momint.
Yde Dijkstra, FNP Algemien Bestjoer Wetterskip Fryslân
Hetty Janssen, PvdA Provinsjale Steaten
Annelies Stolp, PvdA Algemien Bestjoer Wetterskip
Wopke Veenstra, FNP Provinsjale Steaten
Dit artikel is ek ferskynd as Opiny yn it Friesch Dagblad fan 19 maart 2021