NIJS   11-03-2021


Opiny: Deltaplan ‘oer’ it Noarden, net foar en fan it Noarden

In soad bestjoerlike drokte. Dat is de earste útkomst fan de moasje fan CDA-Twadde Keamerlid Mustafa Amhaouch oer de fraach nei plannen foar in Deltaplan voor het Noorden. En sjoch, dy drokte ûntstiet no al. Wat hawwe Flevolân, Fryslân, Grinslân en Drinte it lân te bieden as der in Lelyline komme soe? En wat binne de romtlik-ekonomyske konsekwinsjes? De tiidsdruk is sa grut dat men net sa krekt sjocht. In rommelich proses jout romte oan opportunisme, ûnderlinge striid en konkurrinsje, in net al te yngreven analyze fan wat hjir no eins it op te lossen probleem is, en giet foarby oan de rol fan de keazen folksfertsjintwurdiging.

De fraach oan de amtners en de wethâlders wie ek wol hiel breed. Fan de bou fan 100.000 nije wenningen, natuer en lânskip, ûntwikkeling fan stedske kwaliteiten, klimaat, wurkjen, wenjen, rekreaasje, oant de takomst fan ús mobiliteit en folle net genôch. Wat betsjut dit allegear foar de nije Omjouwingsfyzjes fan de Provinsje en de gemeenten? It is gewoanwei te folle en te yngripend om foar 12 maart even op papier te setten, sa't frege is.

 

Alle remmen los
Yn plak fan in debat, liket it no in spultsje fan wethâlders dy't tsjin inoar op biede en inoar oerfalle mei har plannen. De gemeente Ljouwert wol boppe-op syn besteande plannen noch wol 10.000 wenningen ekstra bouwe, 20.000 yn totaal. Wethâlders yn Waadhoeke en Noardeast-Fryslân jouwe oan dat se dêrfan skrokken binne, want sokke grouwélige plannen sille ek effekten op de buorgemeenten hawwe. Yn totaal giet it yn Fryslân mooglik om tsientûzenen ekstra wenningen. Dêr wêr't de gemeenten en provinsje jierrenlang op basis fan realisme en ferwachtingen wurke hawwe, geane op basis fan ien Twadde Keamer-moasje ynienen alle remmen los. Besteand belied op it mêd fan wentebou, romtlike oardering en lânskipsbehâld kin aanst yn de kliko.

 

Demokrasy bûtenspul
De FNP hat grutte soarch oer hoe't dit no allegearre ferrint. Gemeenterieden en Provinsjale Steaten krije inkeld ynformaasje, of meie der, nei't it oanbod al opstjoerd is, nei de tiid nochris oer prate. Oer it Noarden, net foar of fan it Noarden. Dêrmei wurde alle folksfertsjintwurdigjende organen yn Fryslân bûten spul set, om nei de kabinetsformaasje mei in útmakke saak konfrontearre te wurden.

 

Bouwe nei aard, skaal en karakter, autonome groei, en in snellere spoarferbining foar Fryslân, dat is wat de FNP wol. En dêrfoar is in demokratysk debat nedich yn ús mienskip, yn ús gemeenterieden en yn de Steaten. Saken dy't sa grut binne en sa'n grutte ynfloed hawwe op de takomst fan ús provinsje kinne net op basis fan in moasje op in moandeimiddei yn desimber fan boppe oplein wurde. Dyjinge dy't dat debat yn ús rieden en Steaten net fiere wol, nimt syn of har eigen fertsjintwurdigjende en kontrolearjende taak net serieus.

 

 

Corrie Bergstra, fraksjefoarsitter FNP Súdwest-Fryslân

Ate Eijer, fraksjefoarsitter FNP It Hearrenfean

Harm de Jong, fraksjefoarsitter FNP Opsterlân

Sijbe Knol, fraksjefoarsitter FNP Provinsje Steaten

Bert Koonstra, fraksjefoarsitter FNP Noardeast-Fryslân

Sake van der Meer, fraksjefoarsitter FNP Achtkarspelen

Durk Oosterhof, fraksjefoarsitter FNP Smellingerlân

Ferry van der Ploeg, fraksjefoarsitter FNP Dantumadiel

Jan Willem Tuininga, fraksjefoarsitter FNP Ljouwert

Jan Volbeda, fraksjefoarsitter FNP De Fryske Marren

Bert Vollema, fraksjefoarsitter FNP Waadhoeke



Tags: Natuer en lanskip, Thus yn Fryslan, Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer