NIJS   12-02-2021


Wurkbesite oan boargerinisjatyf 'De Warren natuerlik grien'

De Steatefraksje fan de FNP hie woansdei in noflik petear mei de minsken fan it boargerinisjatyf De Warren natuerlik grien, dy’t plannen hawwe om De Warren by Burgum as grien kultuerlânskip yn stân te hâlden en te fersterkjen. Yn in iepen petear spruts de FNP delegaasje mei boeren, engazjearre boargers en minsken fan Doarpswurk en Lânskipsbehear Fryslân oer de plannen en wat de FNP en de provinsje dwaan kinne soene om it inisjatyf te realisearjen.

In griene pearel by Burgum

 

De Warren natuerlik grien ' is in boargerinisjatyf foar it gebiet westlik fan de Sintrale As by Burgum en te noarden fan de Wide Ie. De gemeente Tytsjerksteradiel hie plannen om in nije wenwyk oan te lizzen yn it gebiet. Dêrfoar hat de gemeente mear as tsien jier lyn sa'n 50 hektare lânbougrûn kocht. Troch de krisis siet der gjin skot yn, en boppedat binne in soad minsken oer de jierren ta it ynsjoch kaam dat it gebiet lânskiplik hiel weardefol is. Mei in lytse mearderheid hat de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel yn 2019 besletten dat de wenningbou net trochgiet.

 

Yn plak fan wentebou wol in boargerinisjatyfgroep, besteande út de boeren dy't om it gebiet hinne wenje, boargers en ferskillende oare partijen, it gebiet op in oare wize brûke en it sa ta in ‘griene pearel' flakby Burgum meitsje. Sa moatte de lânskipseleminten fersterke wurde en wersteld, moat de lânbou ekstinsiver, moatte der (edukative) rûten komme yn it gebiet en in moetingsplak, dêr't ek biologyske streekprodukten ferkocht wurde. Dat kin yn kombinaasje mei in foarm fan mienskipslânbou.

 

In soad stipe

It boargerinisjatyf wurdt stipe troch in hiel soad organisaasjes, fan de fûgelwacht, de Fryske Miljeufederaasje, it Fryske Gea oant Lânskipsbehear Fryslân ta. Ek binne agraryske natuerferiening de Noardlike Fryske Wâlden en Doarpswurk oanheakke om mei te tinken yn it proses. Njonken in tal boeren en boargers wiene Lânskipsbehear en Doarpswurk ek by de wurkbesite yn in grutte loads yn De Warren oanwêzich. 

 

It stânpunt fan de FNP en de rol fan de provinsje

Nei in yntroduksje fan de plannen hat Steatelid Wopke Veenstra útsprutsen dat de FNP in soad wearde hecht oan it behâld fan ús lânskip en ek ta wol op in grûnbûne, biologysk en natuerfreonlike lânbou. Yn de diskusje dy't folge kaam ek de rol fan de gemeenten en de provinsje op it mêd fan de wentebou oan de oarder. Der wurde oer en wer ôfspraken makke oer oantallen, mar it is oan de gemeenten om te bepalen wêr en hokker wenten boud wurde. Fansels moat de gemeente dêrby rekken hâlde mei de romtlike regels fan de provinsje.

 

De gemeente yn de tange?

De gasthearen seagen as in gefaar dat ekonomyske oerwagingen de plannen fan it boargerinisjatyf wolris yn de wei sitte kinne: Tytsjerksteradiel hat krekt as hiel folle gemeenten slimme jildpine en der is al in projektûntwikkelder dwaande mei in plan foar djoere wenten yn it gebiet. Foar de gemeenteried soe dat in oerwaging wêze kinne om mei in pear jier dochs troch ferkeap fan de grûn fluch jild yn de ponge te krijen.

 

Op de lange termyn lykwols leveret in moai natuerlik lânskip op de oergong fan it kûlizelânskip nei it feangreidegebiet en de Wide Ie deunby Burgum folle mear op foar de ynwenners as in wenwyk oan de Wide Ie. Sa't ien fan de dielnimmers sei: ‘wy moatte soargje dat wy oer tsientallen jierren gjin spyt krije fan de karren dy't wy no meitsje.' 



Tags: Buorkje yn Fryslan, Natuer en lanskip, Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer