Nipende situaasje
It giet ûnder oare om de ‘Tegemoetkoming Vaste Lasten' (TVL). Jo moatte minimaal € 3000 fêste lêsten yn de moanne hawwe wolle jo yn oanmerking komme. De ‘partnertoets' (ynkommen fan >€ 1500 fan de partner) by de TOZO-regelingen soarget der ek foar dat in soad ûndernimmers bûten de boat falle. De NOW-regelingen (85% kompensaasje fan leankosten) wurde fansels op priis steld, mar troch de doer fan de krisis wurdt de situaasje nipend en sille hieltyd mear wurknimmers ûntslein wurde. Begjinnende ûndernimmers kinne al hielendal dreech oan kompensaasje komme, om't hja noch gjin omset draaiden. De FNP konstatearret dat in hiel soad bedriuwen it no tige dreech begjinne te krijen. FNP-wurdfierder Sybren Posthumus: "De lêste 10 jier hat de provinsje € 300 miljoen ynvestearre yn it Fryske bedriuwslibben (‘Wurkje mei Fryslân'). Wy moatte der om tinke dat it ús no net by de hannen om del glidet".
Frysk Koroana-pakket
Dêrneist wurdt ek kritysk sjoen nei it eigen Fryske koroana-pakket. Wat hawwe ûndernimmers yn de hoareka oan in barista-trening of kursus enerzjybesparring as jo net iens ynvestearje kinne en de jildstream opdrûget? De FNP freget him ôf ús ôf oft it Kolleezje dizze sinjalen ek krijt en hokker aksje DS dan dwaan sille rjochting polityk-Den Haach om ûndernimmers yn Fryslân te helpen. De FNP is fan betinken dat op koarte termyn aksje nedich is. "Is it Kolleezje bekend mei boppe neamde sinjalen", sa wol Posthumus witte. "Wat kinne DS dwaan om regelingen better oanslute te litte op it lytsskalige MKB"? Ek wol de FNP graach in evaluaasje sjen fan de besteande provinsjale Koroana-regelingen foar it bedriuwslibben.