Ynwenners fan Wier hawwe net allinne lêst fan it gelûd, mar jouwe ek oan dat it wifi-sinjaal minder sterk is en dat se faker lêst hawwe fan elektrisiteitssteuringen. "De bewenners meitsje har soargen oer de gefolgen fan it leechfrekwinte lûd op har sûnens. It taast it wengenot oan. Der moat gau in oplossing komme", neffens de Steateleden. Sy stelle dêrom skriftlike fragen oan Deputearre Steaten. De PvdA en FNP wolle witte oft der in technyske oplossing is om it lûdsnivo leger te krijen.
Minder fûgels
De minsken yn Wier sjogge de lêste tiid folle minder fûgels yn de omjouwing fan de radar en hawwe in sterk fermoeden dat it komt fan it hurdere lûd. De PvdA en FNP wolle dêrom witte oft ûndersyk dien is nei de miljeu-effekten fan de nije ynstallaasje en oft de radar eins wol binnen de besteande omjouwingsfergunning past.
Breklike kommunikaasje
De Groot en Knol freegje har ek ôf wêrom't net mei de ynwenners praat is oer it ferfangen fan de radarynstallaasje. "Pas nei fragen en klachten fan bewenners hat der in foarljochtingsbyienkomst fan Definsje west. Wy wolle witte wêrom't der foar de tiid gjin oerlis west hat mei de bewenners, dy't no mei de problemen sitte", sizze de Statenleden. Sy freegje oan de Deputearre om de klachten fan de bewenners ûnder de oandacht te bringen by de Steatssekretaris fan Definsje, mei de oprop om hurd mei in strukturele oplossing te kommen.
Tekst: PvdA Fryslân, oersetting FNP