NIJS   25-01-2021


De FNP en de Twadde Keamerferkiezings fan maart 2021

Yn maart mei elk dy’t dat wol wer stimme foar de Twadde Keamer. Lykas alle oare jierren ropt dat ek wer de fraach op: wat docht of fynt de FNP? Lit dúdlik wêze dat de FNP GJIN stimadvys jout. Yn ús partij binne einliks de measte streamingen wol fertsjinwurdige. Soks makket dat wy der ek hoeden mei omgean moatte.

Twadde Keamerferkiezings

It is op dit stuit ek noch mar de fraach oft de Keamerferkiezings wol trochgean kinne en at se al trochgeane: yn hokker foarm? Dit jier hawwe hast mear as 80 partijen har ynskreaun. Wer mear as fjouwer jier tebek.

 

De FNP Steatefraksje hat earder lykas it HB al sein hat de stap meitsje te wollen nei de Twadde Keamer. Ek ús âld Senator Gerben Gerbrandy liet yn syn ôfskiedsskriuwen witte dat hy fan betinken is dat de OSF dizze stap sette moat. Wy sille dizze diskusje earst (wer) yn de partij fiere moatte. Mei dêrby ek de fraach: yn hokker ferbân? Want it ôftreden fan it Regear troch de taslagenaffêre lit sjen dat jo altyd klear wêze moatte foar mooglike ferkiezings.

 

Oare partijen wolle graach mei de FNP prate

Docht de fraksje dan ûnderwilens neat? Nee, krekt oarsom. Op it stuit binne der tal fan partijen en kandidaten dy't graach in petear ha wolle mei de FNP. Dizze petearen geane wy ek oan. Op basis fan neutraliteit fansels. De kommende jierren komt der wer in soad op ús Fryslân ôf. Bygelyks in diskusje lanlik oer it weromkommen fan in Minister fan VROM. Hoe geane wy mei de romte om ús hinne om?

 

Grutte tema's, majeure ûntjouwings

Wy sjogge dat guon partijen no al op ús romte loere foar de enerzjy-transysje mar ek foar grutskalige wentebou. Wy fine dêr in soad fan en hawwe wy dêr noed oer. Op dit stuit hat Fryslân, hawwe de provinsjes, it foech oer de Romtlike Oardering. It moat perfoarst net werom nei it Ryk, dan wurdt ús wer fan alles oplein.

De Lelyline is ek ien fan de ûnderwerpen foar oerlis. Wy wolle in earlike en folsleine Maatskiplike Kosten en Baten Analyze (MKBA). Sa is it ek ôfpraat yn ús provinsjale Kolleezje-akkoart. Mei alle romtlike en sosjaal-ekonomyske effekten en in earlik fergelyk, it ynvestearjen yn it besteande spoar en de autonome ûntwikkeling sûnder ynvestearring folslein yn byld. Fryslân moat de leie sels yn hannen hawwe en hâlde as it om it meitsjen en de ôfwaging fan sokke wichtige karren giet.

 

Sa binne der noch mear grutte tema's wêrby't wy as partij kontakten yn it Haachske hawwe moatte. Tink oan de finânsjes: jou gemeenten no einlings struktureel mear romte foar it sosjale domein en hâld op mei dy skealike saneamde desintralisaasje- of effisjinsjekoartingen. Wy wolle ek noch hieltyd de funeste Ferhierdersheffing foar ús sosjale wenningferhierders ôfskaffe. Sadat hja dy miljarden wer sels yn de eigen regio ynvestearje kinne.

 

Iepen it petear oangean, foar Fryslân

De kommende tiid sille der mooglik plaatsjes as berjochten oer moetings mei oare partijen nei bûten komme. De FNP as grutste regionale partij fan it lân giet dy petearen oan yn it belang fan Fryslân. Mar bynt him net oan in lânlike partij of beweging.

 

Ut namme fan de FNP Steatefraksje en it HB,

 

Sijbe Knol en Wouter Wouda



Tags: Partijnijs, Polityk Bestjoer, Polityk Den Haach

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer