Reële polityk
duorret it langste
De wolf wie ferline wike wer oeral yn it nijs. In groep feehâlders yn Fryslân wol
in stek om de provinsje hinne sette en ek waard bekend dat midden yn ús
provinsje in swalkjende wolf op wyldkamera trappearre wie.[1]
De oprop fan de feehâlders soarge foar in soad reaksjes. Foar in part ek hún,
mar dat is net hielendal terjochte. Ofrûne sneon hawwe wy op besite west by de
inisjatyfnimmers. Har ûnderlizzend boadskip moat serieus naam wurde. De
feehâlders hawwe oprjochte soarch en sykje perspektyf. Mar sa'n stek sil juridysk
en ekologysk sjoen net helber wêze.
Polarisaasje
Yn juny 2020 oppere in mearderheid yn Provinsjale Steaten fan Fryslân dat de
wolf ‘ongewenst vreemdeling' ferklearre wurde moast. keare, beheare en útsette
wie it kredo. Doe al wie dúdlik dat de útfiering juridysk folslein net mooglik
wêze soe. Yn novimber waard dat befêstige nei deeglik ûndersyk troch de juridyske
ôfdieling fan de provinsje.[2]
Dochs wie der noch in Steatelid dat rôp dat de deputearre mar better syn bêst dwaan
moat, want: ‘waar een wil is, is een weg'.[3] Sawol
de moasje om de wolf te kearen as de opmerking fan it Steatelid binne net reëel.
Se leverje gjin bydrage oan in helbere oplossing. Op koarte termyn liket it
derop oft der in lyts súkseske helle is, mar eins ferkeapje je de skieppe- en
feehâlders bakte lucht. Dat in groep feehâlders no ropt om in stek fan Lemmer oant
Lauwerseach ta komt ek troch de wize wêrop't in part fan de polityk ûnhelbere
oplossingen foarstelt. Der sprekt in soarte fan wanhoop út.
Realiteitsin
en perspektyf
Yn it begjin fan de hjerst fan 2020 hawwe wy op wurkbesite yn Drinte west. Dêr
hawwe wy petearen hân mei skieppehâlders, leden fan de gebietskommisje previnsje
wolveskea Drinte en oare belanghawwenden.[4]
It is de heechste tiid dat ek Fryslân yn gearwurking mei alle belanghawwenden in
plan útstippelt foar it definitive fêstigjen fan de wolf dat wol juridysk helber
is, de natuer respektearret en it fee beskermet dêr't dat nedich is. Ynwenners
en konsuminten wolle in oantreklik lânskip mei bisten yn de greide. De provinsje
stimulearret weidzjen en wol dat it oanpart biologyske boeren grutter wurdt. De
boeren hawwe in eigen ferantwurdlikheid om har bisten te beskermjen, mar kinne
dat net allinne. Op de hiel koarte termyn is it dêrom winsklik dat spesjale
wolvenetten beskikber makke wurde om binnen in pear oeren foar previntive maatregels
te soargjen as der ynienen in swalkjende wolf opdûkt en dêrneist yn te setten
op nachtfakken. Der binne mooglikheden mar dy binne wol arbeidsyntinsyf. In
passende temjittekomming heart dêr ek by.
Nim ferantwurdlikheid
De wolf is definityf werom
en hy is strang beskerme. Dat is de werklikheid wêr't wy it mei dwaan moatte. Polityk
betsjut net altyd fertelle wat in oar hearre wol. Nee. Polityk is ek
ferantwurdlikheid nimme, helder oanjaan wannear't wat net kin, ek minder populêre
boadskippen oerbringen. Dan nim je de sektor wol serieus. In provinsjaal stek
is net de oplossing.
Sijbe Knol
Fraksjefoarsitter FNP Fryslân.
[1] https://www.trouw.nl/duurzaamheid-natuur/friese-boeren-willen-een-hek-rond-de-provincie-tegen-de-wolf~b88548de/
[2] https://www.lc.nl/friesland/Motie-onuitvoerbaar-wolf-weren-uit-Friesland-is-onmogelijk-26168417.html
[3] VVD Friesland: ‘Motie wolf vraagt om snelle actie' | Veld-post.nl - Landbouwnieuws voor Noord-Nederland (veld-post.nl)
[4] https://frieschdagblad.nl/2020/10/10/schapenhouders-zullen-zich-moeten-wapenen-tegen-de-wolf