Fragen
De evaluaasje fan Top Dutch troch buro ERAC ropt nochal wat fragen op. De konklúzjes fan de media liigden der ek net om. Sa wie it ûndúdlik oft TopDutch wol bydroegen hat oan it ynheljen fan nije bedriuwen. De partijen freegje no oft it Kolleezje fan Deputearre Steaten oantoane kin dat de kampanje wol wat opsmiten hat. Ek wolle hja witte oft de buro's dy't ynhierd binne wol opdracht krigen hawwe neffens de Europeeske oanbestegingsregels.
Mienskipsjild
Yn TopDutch hawwe de provinsjes € 1,2 miljoen mienskipsjild stutsen. Dêrta is it belangryk om te witten hoe't it projekt ta stân kaam en hoe't de opdracht oanbestege is. Mar, sa't RTV Drenthe skriuwt op 10 novimber 2020:‘ Precies die twee zaken, die bepalend waren voor de resultaten van de imago-campagne, daar beweegt het ERAC-rapport met een boog omheen'. It liket de fraksjes goed om nochris goed, troch in ûnôfhinklike partij, bygelyks in akkountant, dy earste fase kontrolearje te litten om in ein te meitsjen oan alle rûs.
Besmet
In pynlike fraach is oft de namme TopDutch sa stadichoan net tefolle ‘besmet' rekke is, om der sa mei troch te gean. It Kolleezje giet wol fan it lêste út. Men wol de opdracht no trochskowe nei de NOM. De partijen hawwe harren fraachtekens by dizze gong fan saken: ‘Is it net better en gun dat op basis fan priis/kwaliteit oan de bêste bieder? En kin dêrby ek ús eigen Ljouwerter WorldTradeCenter, mei direkt en yndirekt tûzenen kontakten op wrâldskaal, net yn byld brocht wurde'? De fraksjes wolle de antwurden hawwe foardat der yn de Steaten op 6 jannewaris in debat is oer de nije Beliedsnota Ekonomy.