Underfining
Van der Wal komt perfoarst net sûnder politike ûnderfining yn Provinsjale Steaten. Sûnt ferline jier septimber wie hy al Kommisjelid foar de FNP, mei ûnder oaren Ferkear en Ferfier yn portefúlje. Foar dy tiid draaide hy al in skoft mei as stipefraksjelid. Hy hat yn it ferline jierren lang riedslid west yn de gemeente Achtkarspelen. Wat syn wurk oangiet hat hy in eftergrûn yn it ûnderwiis.
Brijleppel
By syn 'maidenspeech' oer it ûnderwerp 'Regionale gearwurking' memorearre Van der Wal dat de polityk him thús mei de brijleppel yngetten is. Syn motivaasje: 'Ik wol graach wat betsjutte foar de minsken en de mienskip. De FNP hat 7 kearnwearden dy't my allegear leaf binne, mar ik sil my polityk benammen liede litte troch de kearnwearden 'Fryske taal en kultuer' en 'Solidariteit'. Der skimeret in stikje Kalvinistyske eftergrûn yn troch, neffens it farsk beneamde Steatelid.
Om it ôflizzen fan de eed nochris werom te sjen klik hjir.
Foto FNP / Jaap Cuperus