NIJS   21-09-2020


FNP: Fryslân moat him oanslute by wolvekommisje Drinte

De FNP wol dat Fryslân him oanslút by de Drintske wolvekommisje. Dy kommisje bestiet út fertsjintwurdigers fan skieppehâlders, lânbou- en natuerorganisaasjes en wurket folop oan maatregels om fee te beskermjen tsjin oanfallen fan de wolf.

"Gearwurkje om skea troch wolf foar te kommen" (Sijbe Knol)

Oanwêzichheid wolf is realiteit

Ferline wike is bekend wurden dat in wolf him yn midden-Drinte festige hat. It liket oannimlik dat Súdeast-Fryslân op termyn ek in festigingsgebiet wurde kin en sels sûnder festiging sille swalkjende wolven sa no en dan nei Fryslân komme.

 

Oanslute by Drintske wolvekommisje

Yn juny hat it kolleezje fan Deputearre Steaten tasein kontakt te hâlden mei de wolvekommisje yn Drinte. Sijbe Knol: ‘It soe goed wêze as Fryslân him oanslút by de Drintske wolvekommisje. De wolf hat him no festige en wy moatte der foar soargje dat ús fee goed beskerme wurdt tsjin oanfallen troch wolven. As wy de krêften bondelje, hoege wy net sels it tsjil út te finen.'

 

De FNP wol dêrom dat Fryslân him gau oanslút by de Drintske wolvekommisje, sadat de kennis en de ûnderfiningen út Drinte brûkt wurde kinne om effektive maatregels te nimmen en dêrmei it Fryske fee te beskermjen. Oer twa wike giet de FNP fraksje op besite by in skieppehâlder dy't lid is fan dizze kommisje. Knol: ‘Yn it foaroerlis hawwe sy ek mei klam oanjûn dat it it bêste is om ús oan te sluten by de kommisje. De wolf hâldt him net oan provinsjegrinzen.'

 

Swier beskerme bistesoarte

De wolf pakt neist wylde bisten as reeën en hazzen, ek lânboubisten as skiep en geiten. Dat is hiel aaklik foar dy bisten en foar de boeren dy dêrmei konfrontearre wurde, mar dat is no wol de realiteit dêr't wy rekken mei hâlde moatte. De wolf is in swier beskerme bistesoarte, dy jo samar net bejage of ferdriuwe kinne.

 

Dat wie wol de strekking fan de moasje dy't yn juny dit jier troch Provinsjale Steaten fan Fryslân oannaam waard. In mearderheid woe dat Fryslân as in wolvefrij gebiet oanwiisd wurdt en woe de wolf út ús provinsje wei hâlde. De FNP hat yn dy gearkomste oanjûn dat ynternasjonale, Europeeske en nasjonale regeljouwing de útfiering fan de moasje wolris yn de wei stean kinne soe. Dat docht ek bliken út ferskate rjochterlike útspraken fan it Europeeske Hof fan Justysje oer it behear fan de wolf.



Downloads:
Skriftlike fragen oer fryske oanpak wolf
Antwurd op FNP fragen oer fryske oanpak wolf


Tags: Buorkje yn Fryslan, Natuer en lanskip

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer