Gjin wurd Frysk
Yn de saneamde ‘Wereldreiscampagne' fan Merk Fryslân wurdt op de Arriva-bussen as provinsjenamme konsekwint ‘Friesland' brûkt yn stee fan de offisjele provinsjenamme ‘Fryslân'. Ek foar it oare is der yn alle oare tekstuele uteringen by dizze kampanje gjin wurd Frysk by. Wurdfierder Knol fan de FNP wol dat it Kolleezje oanstiet op mear sichtber Frysk as kommunikaasjemedium: ‘Dat meie wy ferwachtsje fan in organisaasje dy't syn jild fan de Provinsje Fryslân krijt. Mar ek út kommunikaasje eachweid. Neffens de nije Taalatlas 2020 is it publyk dêr't dizze kampanje him op rjochtet ommers yn mearderheid Frysktalich'. ‘Utsoarte by in organisaasje dy't sels ‘Merk Fryslân' hjit.'
Publike romte
De FNP fynt de gong fan saken in miste kâns foar it Frysk yn relaasje ta it Kolleezjeakkoart Lok op 1, doel 55. Dêr is ôfpraat: ‘It gebrûk fan it Frysk troch ynwenners, Fryske organisaasjes en yn de iepenbiere romte is sichtber en mjitber omheech gien'.
Sijbe Knol wol no witte wat it Kolleezje der oan dwaan sil om dochs noch in positive draai te jaan oan de kwestje: ‘Wy wolle der op ta dat soks net wer barre kin by kommunikaasjekampanjes dy't stipe wurde troch dizze Provinsje. Hoe wol it Kolleezje boargje dat kânsen foar mear sichtberens fan it Frysk yn de publike romte tenei benut wurde?