NIJS   19-08-2020


FNP: eigen regels skealike planten útfiere

De FNP stelt op ‘e nij fragen oer it neilibjen fan de twa provinsjale feroarderingen oer de bestriding fan skealike planten. De planten binne in gefaar foar melkfee en hynders, benammen as de Jabikskrúswoartel of stikels yn hea of kuil bedarje. Dêrom is der regeljouwing dy’t foarskriuwt dat eigners fan perselen dy planten fuort helje moatte. De FNP konstatearret dat de eigen provinsjale regels net útfierd wurde en freget aksje.

"Teloarstellend dat eigen regels net neilibbe wurde" (Wopke Veenstra)

Hieltyd mear fersprieding yn Fryslân

Dizze simmer docht bliken dat de fersprieding fan Jabikskrúswoartel en stikels fierder eskalearret. Troch lakse hanthavening en lakse bestriding op de eigen perselen fan de Fryske oerheden, kinne de planten har hieltyd fierder útwreidzje. Guon boeren gripe dêrom nei de gifspuit om se ûnskealik te meitsjen, wat fansels streekrjocht yngiet tsjin it provinsjaal belied om natuerynklusyf buorkjen te stimulearjen. Boppedat oerwoekerje se oare weardefolle planten en ferminderje se dêrmei it bioferskaat.

 

Sleau neilibjen fan regels

Wopke Veenstra: ‘It is teloarstellend dat de provinsje it ferpoft om de eigen regels út te fieren. Wy wolle in mear pro-aktive hâlding fan de provinsje by de bestriding fan stikels en Jabikskrúswoartel.' De Jabikskrúswoartelferoardering is fêststeld yn 2007 en de Stikelferoardering al yn 1951. Ut de eardere antwurden fan it kolleezje fan Deputearre Steaten docht bliken dat allinne hanthavene wurdt op basis fan fragen of klachten.

 

Boete foar de oerheid sels?

Ek op eigen terreinen fan de Fryske oerheden stean rûnom stikels en Jabikskrúswoartel. Neffens de feroardering moat de rjochthawwende de planten fuort helje. Docht hy of sy dat net, dan folget in boete. Wopke Veenstra: ‘Wy fine it ûnbesteanber dat de Fryske oerheden eins beboete wurde moatte foar it oertrêdzjen fan provinsjale feroarderingen'. De FNP wol fan it kolleezje witte oft it ek fynt dat de provinsje in foarbyldrol hat by it neilibjen fan de eigen regels.



Downloads:
Skriftlike fragen oer bestriding jabikskrúswoartel en stikels
Antwurden ds op fragen skealike planten


Tags: Buorkje yn Fryslan, Natuer en lanskip

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer