Yn in grut part fan de provinsje bepale beamwâlen en -singels ús moaie lânskip. Hoewol't de provinsje Fryslân yn belied fêstlein hat dat it lânskip beskerme wurde moat, komt it dochs regelmjittich foar dat beammen yllegaal kapt wurde. Ek ferdwine geregeld weardefolle en karakteristike lânskipseleminten by it werynrjochtsjen fan perselen. De FNP wol dêrom witte wêr't de beammen no krekt ferdwine, en hoe't it stiet mei de werplantplicht dêr't de eigeners oan foldwaan moatte? Hawwe guon gebieten yn Fryslân der mear fan te lijen as oare gebieten? En hoe ferhâldt him dat mei it belied fan de provinsje om it lânskip te hoedzjen?
Wopke Veenstra: ‘Is der wol genôch tafersjoch? De provinsje jout oan dat der hieltyd mear yllegale houtkap konstatearre wurdt, mar der is yn 2019 mar ien kear in proses-ferbaal opmakke. Ek wurde der yn nije bestimmingsplannen fleksibele regels opnaam, dy't it lânskip skea dwaan kinne.'
Yn de jierrapportaazje stiet dat der in beheinde kapasiteit is foar it tafersjoch op de beammekap. De FNP stelt de fraach oft dat der ta liedt dat de hanthavening ek mar summier plak fine kin. Dêrnjonken riede guon gemeenten op dit stuit oanpassingen op it bestimmingsplan ta, wêrmei't de regels foar it behâld fan it lânskip fleksibeler tapast wurde kinne. In mooglik gefolch soe wêze kinne dat karakteristike singels en beamwâlen ferdwine of ferpleatst wurde. De FNP wol fan it kolleezje witte of sokke regels wol yn oerienstimming binne mei it besteande provinsjale belied.