![]() |
It soe skande wêze as de skoalle yn Boksum slute soe. As foaroprinner yn it trijetalige ûnderwiis hat krekt sa'n skoalle in wichtich plak yn it provinsjale belied. Dat seit de Steatefraksje fan de FNP yn skriftlike fragen oan deputearre Poepjes.
Corlienke de Jong Wurdfierder Taal, Kultuer en Underwiis
Reaksje? Mail c.dejongfryslan.nl
|
De FNP stipet de âlden en it personiel fan de Otto Clant skoalle dy't wol takomst sjogge foar dizze basisskoalle. FNP wurdfierder Corlienke de Jong: ‘Wy tinke krekt as it doarp dat it ynnovative ûnderwiiskonsept wolris hiel oantreklik wêze kin foar learlingen út Ljouwert dy't har gerak net krije op in hiele grutte skoalle. Se wurkje yn Boksum mei groepstrochbrekkend ûnderwiis, I-pads, meartaligens en in soad ynternasjonale kontakten. Dêr hawwe se okkerdeis as ien fan 35 proefskoallen yn Nederlân noch in sertifikaat foar krigen.'
De Jong freget de deputearre hoe't de ûntwikkeling fan it trijetalich ûnderwiis ferrint. Se wol ek witte of it krekt is dat de sluting en fúzje fan lytse skoallen tsjin it provinsjale belied fan mear trijetalige skoallen yngiet: ‘As dit wier is, wat betsjut dit dan foar it doel om yn 2015 op 25 % trijetalige skoallen te kommen? Wat sille jo konkreet dwaan om de skoalle yn Boksum en oare fergelykbere skoallen in (meartalige) takomst te jaan?‘