Boontjes
De FNP krijt in protte sinjalen dat Rykswettersteat de fargeul nei Harns nei dit jier net langer op djipte hâlde wol. Steatelid Sybren Posthumus: ‘Wy hawwe fernommen dat ein dit jier it baggerkontrakt en dêrmei it ûnderhâld ôfrint. Dat betsjut dat it foar skippen dêrnei folle lêstiger wurdt de haven fan Harns te berikken. Dat wolle wy mei de moasje foarkomme'. It is foar de ûndernimmers yn Harns hiel wichtich dat ‘De Boontjes' minimaal deselde status hâldt as de farwei nei De Helder. Oars hat dat direkt konsekwinsjes foar it farferkear dat no noch fan de Iselmar nei Harns ta giet en oarsom.
Status
Yn de te tekenjen ein-oerienkomst tusken it Ryk en de provinsje Fryslân stiet yn de taheakke in kaartsje dêr't ‘De Boontjes' yn ferliking mei de westlike farwei rjochting Noardsee in ûndergeskikte status hat. Dat wol de FNP perfoarst net. Boppedat, sa fynt FNP'er Posthumus: ‘Harns moat fia it Van Harinxmakanaal mei de nije klasse V ek goed berikber wêze foar it Fryske en Grinzer achterlân. Dy rûte moat ek by kalamiteiten brûkt wurde kinne. Alle reden om yn aksje te kommen foar de haven fan Harns!'.