Beamsingels en sleatsjes oan de westkant fan de âlde Middelsee
In jier lyn hat Wopke Veenstra yn de Steaten mûnlinge fragen stelt oer it ferdwinen fan lânskipsstruktueren en -eleminten fan provinsjaal belang. Dat nei oanlieding fan lûden fan ynwenners út it gebiet fan de eardere gemeente Menameradiel dat der in soad beamsingels kapt, sleatten dimpt en lân sljochte waard. Ut de antwurden fan it kolleezje die doe bliken dat it besteand provinsjaal belied dêr net tapast wurdt omdat de gemeente noch mei ferâldere bestimmingsplanregels út 2007 wurket. De gemeente Waadhoeke hat de provinsje begjin ferline jier frege om mei te tinken oer beskermjende regelingen foar de natuerlike en lânskiplike wearden, omdat elkenien it der oer iens is dat dy, foarútrinnend op in nij bestimmingsplan, goede beskerming fertsjinje.
Kwelderwâlen by Frjentsjer en Harns
Yn it gebiet tusken Frjentsjer en Harns binne ek wichtige kultuerhistoaryske en lânskiplike eleminten oanwêzich, lykas kwelderwâlen en terpen. Tagelyk rint der yn it gebiet in werynrjochtingstrajekt wêrby't it lân op ‘e nij ferdield wurdt. De gemeenten Waadhoeke en Harns hawwe yn oparbeidzjen mei de provinsje Fryslân in konsept-beliedsregel opsteld. Dêryn stiet hoe't de gemeente de beskerming fan de lânskipseleminten troch it bestimmingsplan yn de praktyk stal jaan sil. Mar nei krityk fan lânbou-organisaasjes dat de beliedsregel gjin genôch romte jaan soe om knyppunten yn de ferkaveling op te lossen, hat it kolleezje fan B&W fan Waadhoeke besletten dy regels foarearst net yn te fieren.
Skriftlike fragen
De FNP freget it kolleezje fan Deputearre Steaten oft der al foarútgong is mei de beskerming fan de lânskiplike eleminten fan provinsjaal belang oan de westkant fan de âlde Middelsee en wat stappen de provinsje sette kin om dy te garandearjen? De fraksje wol ek fan it kolleezje witte oft by it kappen fan beamsingels en boskjes wol melding dien wurdt en oft der wol oan de werplantplicht foldien wurdt?
Foar it gebiet tusken Frjentsjer en Harns is de FNP benijd hoe't it kolleezje deroer tinkt dat de beliedsregel (noch) net ynfierd is. Kin dat te koste gean fan de beskerming fan de lânskiplike kwaliteit fan it gebiet? Foar de FNP stiet foarop dat wy ús moaie Fryske lânskip yn stân hâlde moatte.