NIJS   15-04-2020


FNP, CDA en 50PLUS: Regels sinneljedder binend fêststelle

FNP, CDA en 50PLUS sille in moasje yntsjinje wêrmei’t oan it kolleezje frege wurdt om by fergunningsoanfragen foar sinne-enerzjy de saneamde ‘sinneljedder’ ta te passen. De oanlieding dêrfoar is dat der op it stuit ferskillende sinneparken yn ûntwikkeling binne yn it iepen lânskip en op goede lânbougrûn. Dat is in situaasje dy't tige ûnwinsklik is, fine de trije partijen.

"Meitsje fan ús lânskip gjin enerzjyfabryk" (Sijbe Knol)

In romme mearderheid fan de Steaten hat ferline jier besletten dat by de ûntwikkeling fan sinne-enerzjy de foarkar útgiet nei sinnepanelen op dakken en gevels fan gebouwen, dêrnei nei net-brûkt lân yn beboud gebiet en pas yn lêste ynstânsje op grûn dy't foar lânbou of natuer brûkt wurdt. Dit ôfwagingsynstrumint, dat yn de provinsjale konsept-omjouwingsfyzje al beskreaun stiet, wurdt de ‘sinneljedder' neamd.

 

Maaike Prins, CDA: ‘Der binne genôch dakken en plakken op bygelyks bedriuweterreinen, wêr't sinnepanelen prima passe. Wy wolle gjin blikken lânskip en dêrom gjin sinnepanelen yn it fjild.'

 

It wie de plenning dat de omjouwingsfyzje op 1 jannewaris 2021 yngean soe, en dat foar dy datum ek in nije provinsjale omjouwingsferoardering fêststeld wurde soe. Dat sil no folle letter wurde, omdat it Ryk oanjûn hat dat de ûnderlizzende omjouwingswet fertraging oprûn hat. No't der tagelyk op ferskillende plakken yn de provinsje projektûntwikkelders dwaande binne mei sinneparken, fine CDA, 50PLUS en FNP dat binende regels oer de sinneljedder net langer útsteld wurde kinne. It kolleezje wurdt dêrom frege om dy regels op te nimmen yn de besteande Feroardering Romte.

 

Theun Wiersma, 50PLUS: 'Sinnepanelen kinne ús goed helpe om ús enerzjydoelstellings te heljen, mar tagelyk moatte wy ek sunich wêze mei ús omjouwing. Dêrom moatte wy foar it delsetten fan sinnepanelen yn de earste plak gebrûk meitsje fan de besteande bebouwing. Dat kin gewoan gjin útstel lije!'

 

Sijbe Knol, FNP: ‘In pear wiken lyn hearden wy fan in megalomaan sinnepark fan minimaal 60 hektare by Ljouwert. It blykt dat ynvestearders no noch hurd gebrûk meitsje wolle fan de ‘âlde' regels en besykje op grutte skaal sinneparken yn ús iepen lânskip oan te lizzen. Dat is yn striid mei it nije provinsjale belied, mar salang de nije binende regels noch net ynfierd binne, kinne de sinnepark-bouwers har gong gean.'

 

50PLUS, FNP en CDA freegje it kolleezje om de regels fan de sinneljedder sa gau mooglik yn de provinsjale feroardering oer de romtlike oardering op te nimmen. Sadree de regels jilde, moatte projektûntwikkelders by de fergunningsoanfraach foar sinne-enerzjy oantoane dat der gjin bettere alternativen binne foar har plannen. 



Downloads:
Moasje frjemd fan FNP, cda en 50plus oer de sinneljedder


Tags: enerzjy en duorsumens, natuer en lanskip

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer