De koroana-epidemy soarget derfoar dat ek de FNP har oanpasse sil op it mêd fan gearkomsten: It Haadbestjoer en de Steatefraksje fergaderje online. Riedsfraksjes dogge dat ek.
Fanselssprekkend hâldt de FNP har oan de koroanamaatregels sa’t dy opsteld binne troch it Regear. Wat ynhâldt dat byienkomsten as de ALG pas wer trochgeane at de omstannichheden dit talitte. It doel is om de ALG op oankommende 25 septimber te hâlden, mar allinnich as dit wer tastean is tsjin dy tiid én op in feilige wize.
Oant dy tiid komme alle gearkomsten te ferfallen. In protte sûnens en sûn ferstân tawinske; mei elkoar, foar elkoar!