Yn dizze tiid is it wichtich om de minsken harren wurk dwaan te litten en past it ús ek om stil te wêzen op ús sosjale media.
Wy stean stil by alle minsken dy't drok dwaande binne om ús út dizze situaasje te heljen en dat te dwaan wat nedich is. En yn dit gefal benammen it soarchpersoniel. Ek dogge wy in oprop 'tink om elkoar en help mekoar dêr't soks moat en kin'. Keapje tichtby hûs, help de lokale middenstân en tink om ús âlderein. Ek sy fertsjinje op ôfstân ús omtinken.
Hooplik oant gau
FNP Steatefraksje.